Jeugdsoarch en FNV slute akkoart tsjin wurkdruk

Protest jeugdsoarch yn Den Haag © ANP
Jeugdbeskermers hoege aanst minder bern en húshâldings mei problemen te helpen. De wurkjouwers yn de jeugdsoarch en fakbûn FNV hawwe in prinsipe-akkoart sletten om de grutte wurkdruk oan te pakken.
Mei minder dossiers foar ien persoan kin de kwaliteit ferbetterje. Wol kin dêrtroch de wachtlist grutter wurde. Yn de jeugdsoarch wienen de ôfrûne tiid aksjes yn it hiele lân, want it wetter stie de jeugdbeskermers oan de lippen ta wat wurkdruk oanbelanget. It fakbûn FNV, mar ek de wurkjouwers fûnen dat der wat oan dien wurde moast. Dêrom is der no in akkoart kaam.
"Yn it prinsipe-akkoart is besletten dat wy mei-elkoar fierder wurkje oan it ferleegjen fan de wurkdruk", seit Hendrika de Vries, lid fan de ried fan besjoer fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. Dêrûnder falle de wurknimmers yn de jeugd- en gesinsbeskerming yn Fryslân. "It earste wat je dwaan kinne is minder bern foar ien jeugdbeskermer. Mar kinst bygelyks ek de burokrasy ferminderje."
Protest jeugdsoarch yn Den Haag © NOS
As jeugdbeskermers minder bern helpe, kin de wachtlist grutter wurde. Yn Fryslân spilet dat net, omdat dêr neffens De Vries al stappen set binne mei de gemeentes. Problemen binne der noch wol by de soarchoanbieders, dêr't jeugdbeskerming ôfhinklik fan is.
Jeugdsoarch en FNV slute akkoart tsjin wurkdruk
Dêr binne wol wachtlisten en it gefolch fan de wurkdruk is dat net fuortendaliks soarch bean wurde kin. "Dat is foaral, omdat ús minsken it yngewikkeld fine, dat sy ferantwudlik binne foar de bern en de gesinnen, mar dat se net op 'e tiid de goede help ynsette kinne", leit De Vries út.
Neist de finansjele stipe fan de gemeentes sil ek it ministearje fan VWS byspringe moatte, fine de wurkjouwers yn de jeugdsoarch.