De das is yn Fryslân stabyl mar kwetsber, dit is it bist dat it treinferkear stil leit

In das © Shutterstock
De bisten soargen foar opskuor op it spoar de ôfrûne wiken. Earst by Molkwar, dêrnei by Den Bosch. Neffens spoarbehearder ProRail sitte yn Nederlân op fjirtich plakken dassen ûnder it spoar. Wat binne it foar bisten, hoe docht de populaasje it yn Fryslân en wêrom sitte se sa graach ûnder in spoar?
"In principe gaat het goed met de das, de populatie is stabiel maar kwetsbaar. Al worden er wel ontzettend veel doodgereden in het verkeer", fertelt oprjochter fan wurkgroep Friesedas Anika Spijker.
De wurkgroep sit yn Súdeast-Fryslân, dêr't in populaasje dassen sit, en hat kontakt mei leafhawwers troch de hiele provinsje dy't de boargen opmerksum yn de gaten hâlde.
Das © Werkgroep Friesedas, Anika Spijker
Paspoart fan de Europeeske das (Meles Meles)
Famylje: martereftige
Gewicht: 9-17 kilo
Lingte: 67-80 sm lang
Favorite iten: wjirms
Grutste fijân: minsken
De Europeeske das is in martereftige en fan syn neven de otter, beamotter, stienmurd, nerts, murd, harmeling en de wezeling, is er fierwei de grutste.

Nachtbist

De bisten binne skou en litte harren net graach sjen, yn de nacht komme se harren boarch út. "Maar ze houden niet van sneeuw of kou, dan blijven ze binnen", seit Spijker.
Dassen hâlde gjin wintersliep, mar wol saneamde winterrêst, se lizze reserves oan sa't sy yn de kâlde nachten de waarme hoal net út hoege. "Ik heb zelfs wel eens op beelden van een wildcamera gezien dat een das een van de pijpen van de burcht dichtmaakte omdat de koude wind daar vol op stond."

Ferdronken yn de Tsjonger

Neffens Spijker giet it ferhaal dat de minsk de oarsaak is fan it útstjerren fan de das yn Fryslân. Dat barde yn de jierren tachtich fan de foarige iuw. Steatsboskbehear seit dat de lêste das yn Fryslân doe nei alle gedachten ferdronken is yn de Tsjonger.
In gat yn de grûn by Molkwar: Sa sjocht in hoale fan in das der út © CAMJO Media
It útstjerren is nei alle gedachten kaam troch it brûken fan gif yn de lânbou, jacht en streuperij en oanridingen yn it ferkear. Yn de jierren njoggentich binne de bisten wer yntrodusearre yn Fryslân. Troch de lanlike stichting Das&Boom is de populaasje fan 1200 yn 1980 nei 6000 yn 2017 omheech gien. Sy fange de bisten op en sette se út op strategyske plakken.

Stikeltried

Hjoed-de-dei libje in pear hûndert dassen yn Fryslân, benammen yn Gaasterlân en Súdeast-Fryslân. Dêr is in soad bosk en is de grûn drûch. Dat is ek de reden dat sy graach ûnder in spoar sitte, dat is hegere grûn.
Mar de populaasje bliuwt kwetsber, seit Spijker. Dat komt omdat sy yn famyljes libje: mantsje, froutsje en bern. "Als een vruchtbaar vrouwtje wordt doodgereden kan zo'n populatie dus jarenlang stilstaan. Dan zou er een ander vrouwtje aan moeten komen waaien."
Jonge das © Werkgroep Friesedas, Anika Spijker
Ek wurde der hjoed-de-dei noch altyd boargen fersteurd. "Elk jaar hebben we wel een paar gevallen van burchten die worden dichtgegooid, worden dichtgestopt met prikkeldraad of met gif bestrooid. Dit jaar was er zelfs nog sprake van een vermoedelijk doodgeschoten das." Dat is ferbean, dassen binne in beskerme diersoarte.
Dassen geane benammen dea as sy yn de wei rinne. Yn it ferkear, of op it lân fan in boer bygelyks. Sa sitte sy ek wol ûnder of flakby maisfjilden om tichtby in soad iten te sitten, wit Spijker te fertellen. "Boeren vinden dat niet fijn, ze krijgen schade aan het mais of zakken met een machine door een pijp van een burcht heen. Daarom zien we ook wel haat jegens het dier."

Previnsje

Stifting Friesedas besiket benammen yn te setten op monitoarjen sa't sy yn de previnsje wat betsjutte kinne foar it beskermjen fan de das.
It boerd by it spoar by Molkwar © CAMJO Media
"We noteren bijvoorbeeld zoveel mogelijk verkeersslachtoffers en wijzen dan de 'hotspots' aan, punten waar ook bijvoorbeeld veel otters, wezels of boommarters worden doodgereden. Daarna proberen we met de provincie of gemeenten te zorgen voor faunabescherming op zo'n punt. Maar dat is niet altijd even makkelijk want alles kost geld. De provincie zou daar in onze mening wel wat meer in kunnen betekenen."

Boarch ûnder it spoar

ProRail ferwachtet foar it ferpleatsen fan de dassen yn Molkwar woansdei of tongersdei tastimming te krijen. De spoarbehearder begûn hjir ôfrûne snein mei de bou fan in keunstboarch. De bisten moatte de kommende tiid harren hjoeddeiske ûnderkommen ferlitte, dêrby wurde ûntmoedigingsmaatregels brûkt sa as geurspoaren en ljocht en lûd.
De wurdfierder ferwachtet dat it hiele proses, ynklusyf opknappen fan it spoar en it pleatsen fan kilometers oan stekwurk om foar te kommen dat de bisten weromkomme, mear as in moanne duorje sil. Steatssekretaris fan Ynfrastruktuer Vivianne Heijnen skriuwt yn in keamerbrief yn petear te wêzen mei de belutsen partijen om de oerlêst foar de reizgers safolle mooglik te beheinen.

Te let

Spijker fynt it spitich dat der sa let besletten is in keunstboarch oan te lizzen, de dassen sitte al sân jier op dat plak. "Het is de beste optie maar het had veel eerder gekund, nu zitten de dassen in hun kwetsbare periode omdat ze jongen zouden kunnen hebben. Ook voor ProRail was het beter geweest eerder in te grijpen, die hadden zichzelf een grote rekening kunnen besparen."
Das&Boom hat al oanjûn dat it nedich is in seker risiko te akseptearjen by it fuortheljen fan de jonge dassen.