Hearrenfean spilet lyk yn oefenwedstriid tsjin Vitesse, soargen om Van Aken

Joost van Aken © Orange Pictures
De earedivyzje leit troch de ynterlânperioade in wykein stil. SC Cambuur en sc Hearrenfean oefenen dizze wike wol. De Ljouwerters ferlearen mei 4-0 fan Heracles Almelo, wylst Hearrenfean mei 1-1 lyk spile tsjin Vitesse.
Cambuur spile tiisdei yn Almelo mei spilers dy't ôfrûne snein net yn de basis stienen yn de wedstriid tsjin Excelsior (4-1 ferlies). De Ljouwerters kamen al fluch op efterstân troch in goal fan Sven Sonnenberg. Ismail Azzaoui ferdûbele yn de 29e minút de skoare: 2-0. Nei it skoft rûn Heracles fia Yaid Marhoum en Rigino Cicilia sels út nei 4-0.

Van Aken falt út by Hearrenfean

Woansdei trof Hearrenfean op sportpark Skoatterwâld Vitesse. De Friezen ferskynden benammen mei wikselspilers oan de ôftraap. By Hearrenfean foel Joost van Aken al fluch út mei in blessuere. Wat de earnst fan dy blessuere is, is noch net bekend.
Yn de 70e minút kaam Hearrenfean op foarsprong. Antoine Colassin wie de doelpuntemakker. Ien minút foar tiid bepaalde Bartosz Bialek de einstân op 1-1.