Alle Steatefraksjes akkoart mei foardracht Chris Stoffer as ferkenner

Chris Stoffer © ANP
Alle fjirtjin fraksjes dy't fan takom wike ôf yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân sitte, geane akkoart mei de foardracht fan SGP-Twadde Keamerlid Chris Stoffer as ferkenner.
De BoerBurgerBeweging, de grutte winner fan de Steateferkiezingen, hat Stoffer ferline wike benadere. Dy hat yn de gemeenteried fan Nunspeet ek al twa kear meiholpen by koälysjefoarming.
Alle fraksjes dy't minstens ien sit ha yn de Steaten ha woansdeitemoarn mei elkoar praat oer de foardracht fan Stoffer en mei de oanpak fan de BBB ynstimd.
Stoffer sil no ien foar ien mei alle partijen yn petear en útsykje watfoar opsjes se sjogge foar in nij kolleezje fan Deputearre Steaten. Dêrnjonken moat yn kaart brocht wurde hoe't de ferskate ferkiezingsprogramma's by-elkoar passe.
De ferwachting is dat Stoffer yn de rin fan nije wike klear is mei syn wurk, wêrnei't er syn befiningen dielt mei de BBB. De partij fan Abel Kooistra sil dan wer in foarstel dwaan oan de oare fraksjes foar in ferfolch fan it proses.
De BBB krijt yn de nije Provinsjale Steaten fjirtjin sitten, der binne 22 nedich foar in mearderheid.
Brûk de koälysjebouwer om te sjen watfoar kombinaasjes der mooglik binne om ta in mearderheid yn de Steaten te kommen.