BBB stelt Klaas van Weperen oan as ferkenner yn Wetterskip Fryslân

Klaas van Weperen © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Melkfeehâlder en bedriuwsadviseur Klaas van Weperen giet oan de slach as ferkenner foar it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. De grutste partij yn it nije bestjoer, de BoerBurgerBeweging, hat him dêrfoar frege.
De oare fraksjes yn it wetterskipsbestjoer binne tiisdei op de hichte brocht. De kommende tiid giet Van Weperen mei alle fraksjes om tafel om út te sykjen wat de foarkarren binne.
De BBB ferovere by de ferkiezingen fan ferline wike sân sitten. Der binne trettjin nedich foar in mearderheid yn it bestjoer, mar listlûker Alice van Gosliga seit dat se it leafst in krekt wat gruttere mearderheid ha wol.

Sitferdieling algemien bestjoer Wetterskip

BBB 7
Water Natuurlijk 4
CDA 2
PvdA 2
FNP 2
VVD 1
ChristenUnie 1
Partij voor de Dieren 1
BVNL 1
Fêste sitten lânbou 2
Fêste sitten natuer 2