HEA! De raven fan Ravenswâld
HEA! Raaf fan Ravenswâld
Bewenners fan de Meester Lokstrjitte yn Ravenswâld seagen wol wat moais yn de stam fan in ôfseage bûkebeam yn harren strjitte. Nei wat tsjinakseljen fan de gemeente kaam der dochs grien ljocht. En sa waard beamseachkeunstner Jeroen Boersma ynskeakele om der in moaie skulptuer fan te meitsjen.
Mei help fan in kettingseage en allerhanne oar ark makket Boersma in prachtige swarte raven fan de beamstam. Fansels ferwizend nei de plaknamme Ravenswâld. De beamseachkeunstner wurket oan de hân fan foto's en besiket de fûgel sa echt mooglik nei te meitsjen. De buertbewenners binne wakker wiis mei it nije keunstwurk yn harren strjitte.