Skoalbern komme mei ideeën wat te dwaan by earmoed: putsjes dwaan foar sportlessen

Gersmeane © Shutterstock
Learlingen fan de Ulbe van Houten-skoalle yn Sint Anne hawwe dizze wike projektles yn de bestriding fan earmoed. Se koene sels ek mei ideeën komme. Ien fan dy ideeën is sportlessen yn ruil foar putsjes.
De fraach is wat de gemeente Waadhoeke dwaan kin om jildproblemen by jongerein foar te kommen. In groep fan 21 learlingen fan it CSG Ulbe fan Houten yn Sint Anne is dêr mei dwaande.
It earmoedprojekt is betocht troch Save the Children, in organisaasje dy't him ynset foar it wolwêzen fan bern, fertelt projektlieder en learaar maatskippijlear Gatse Hylkema fan it Ulbe van Houten: "Sy hawwe it konsept betocht en opset, en jouwe eins de bern in wike les. Wy as skoalle dogge dêroan mei."

Underfiningssaakkundige

De skoalbern komme mei in advys oan de gemeente. Dêrfoar hawwe se praat mei ien dy't ûnderfining hat mei earmoed. Hylkema: "De frou fertelde hoe't har libben en dat fan har bern derút seach doe't se yn de earmoed kamen. Watfoar kânsen de bern net mear hiene."
De learlingen hawwe fierders ek praat mei organisaasjes yn de gemeente. Wat komme dy organisaasjes tsjin en wat kinne bern net mear dwaan, as der earmoed yn it spul is. "De learlingen hawwe mei grutte earen harke nei de ferhalen, want it wie konfrontearjend. Mar se hawwe de petearen ek as moai ûnderfûn", seit Hylkema.

Ideeën

Dêr kamen praktyske ideeën út, bygelyks troch sporten tagonkliker te meitsjen as yn ruil foar sportlessen putsjes dien wurde. Gjin jild hawwe om de júste klean te keapjen is ek in probleem. En fierders soene ek mear gelikense kânsen komme moatte yn it ûnderwiis, want de iene kin moaie skriften en oar skoalguod beteljen en de oare net.

Skamte

De bern prate net gau oer jildkrapte, is Hylkema. syn ûnderfining. Yn syn lessen maatskippijlear behannelet er ek budzjettearring. "De bern sizze net: dat is by ús thús ek sa. Der is in soad skamte."

Ynfloed

De learlingen hawwe yn groepkes advizen foar de gemeente betocht. Dy biede se woansdei yn de riedseal yn Frjentsjer oan oan wethâlder Marja van der Meer.
Oer in moanne of trije krije se te hearren oft de gemeente wat kin mei harren ideeën. It úteinlike doel is dat de learlingen witte dat se by de gemeente telâne kinne as der wat oan de hân is. Dat se witte dat se ynspraak hawwe. En as der neat mei dien wurde kin, se dan útlis krije wêrom net, seit Hylkema.