Balkster Edwin Pietersma foel foar East-Azië en jout no les op in uni yn Bangkok

Japan, Taiwan, en no al in pear jier Tailân. Edwin Pietersma (29) fan Balk is ferknotte oan East-Azië. Op it stuit wennet er yn Bangkok, dêr't er lesjout op in universiteit.
In folle grutter kontrast is net mooglik: Balk en Bangkok. Dêr't Pietersma opgroeide yn in doarp mei trijetûzen ynwenners, dêr binne dat der no 12 miljoen. Hy kaam hjir troch de nedige omswervingen telâne.
Yn 2014 preau Pietersma foar it earst fan East-Azië. Hy gie foar in jier as útwikselingstudint nei Japan. By weromkear studearre er ôf yn Skiednis yn Grins, om dêrnei (nei in skoft yn Leiden) wer in stúdzje op te pakken yn Taiwan.

En no dus Tailân. "Ik bin dosint op in Taiske universiteit. Dêr jou ik oan Taiske bern Ingelsk en ynterkulturele kommunikaasje." Ek helpt er mei om projekten te ynternasjonalisearjen. "Dat is hjir somtiden lestich, omdat minsken hjir net sa goed binne mei de Ingelske taal. Dy is nammentlik hiel oars as de Taiske", seit Pietersma, dy't troch de wike yn in appartemintsje wennet by de universiteit en yn it wykein by syn freon Champ is.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
Fierder leart er de studinten om út in oare kontekst wei nei kultueren te sjen. Opfallend is neffens him dat de studinten net leard hawwe in eigen miening te foarmjen. Wol binne se tige disiplinearre en hawwe se in soad respekt foar de dosint.
Nettsjinsteande syn fermogen om yn ferskate Aziatyske talen te sprekken, fynt Pietersma net dat er in taleknobbel hat. "Ik bin foaral hiel pasjonearre rekke troch dizze lannen. Ik woe se kennen leare. En as je dêrfoar geane, dan moatte je de taal fansels ek leare."
Fryske karaktereigenskip
Fryslân bliuwt foar Pietersma, nettsjinsteande de enoarme ôfstân, in belangrike rol yn syn libben spyljen. "Dyn berteplak bliuwt in ûnderdiel fan wa'tst bist. Al soene je it wolle, je komme dêr net gau fanôf. Boppedat bliuw ik it Frysk ek praten, bygelyks as ik kontakt ha mei myn heit en mem", fertelt Pietersma. Krekt no't er fuort is, falle him syn Fryske karaktereigenskippen op. "Ik hâld my graach strak oan de planning. Dat is no krekt net wat dat se hjir ek graach dogge", laket er.
Ek de temperatuer is soms efkes wennen. Op dit stuit is it der 42 graden. "Ynkoarten is it wer reinseizoen. Hooplik ferminderet dat ek de smogûntwikkeling hjir."

Oft er ea noch definityf weromkomme sil nei It heitelân, wit er net. "Ik bin gek op Tailân en de lannen deromhinne en yn Fryslân is it foar my net maklik om in baan te finen. Mar ik bliuw foar alles iepen stean en gean wêr't de wyn hinne waait."