Resinsje Landscape with Figure: "In ymponearjend slachfjild tusken minsk en natoer!"

Henk te Biesebeek beskôget Landscape with Figure © Omrop Fryslân
Mei Landscape with Figure bewiist Ivgi&Greben it besteansrjocht fan in profesjoneel dûnsselskip yn kultureel Fryslân. Al moat it jonge selskip noch wurkje oan in solide basis foar lanlik sukses. Dêrfoar binne de prestaasjes yn dizze foarstelling krekt net konstant genôch.
De foarstelling begjint oerweldigjend en hakt der daliks yn. Yn it healtsjuster stiet op it poadium in bosk fan kartonnen buizen, dat troch de dûnsers fan it selskip hoeden, hast leafkjend omearme wurdt. Om dan út de grûn losskuord te wurden wêrnei't in danse macabre folget, wêrby't de holle peallen mei krêft op de planken stampt wurde. In driigjend ritme fan doffe dreunen is it gefolch.

Samoerai

De bewegings dogge tinke oan de Haka, de rituele beswarrende dûns fan de Maori's. De kostúms fan de dûnsers wurkje dêryn ûndûbeldsinnich mei. No en dan liket it selskip op slachters út in abattoir, dan wer sjogge we Japanske Samoeraikrigers op it slachfjild. Dy't der net foar tebekskrilje om de buizen as gewearen op de taskôgers te rjochtsen. Baf!
De minsk tsjin de natoer: in Haka mei skoarstienpipen © Paul Sixta
It boadskip wurdt noch dúdliker as de kartonrollen yn floeiende bewegings bymekoar brocht wurde ta fabryksterreinen. In skyline fan hege skoarstiennen jout oan hoe't we de natoer meimekoar ferneatigje. Mar hoe moai om te sjen hoe't de lichems fan de acht dûnsers fanút in totale symbioaze mekoar dan wer oanlûke, dan wer ôfstjitte. Fan lyts nei grut en werom. In floeiende kadâns fan eb en floed.

Basis

Alle lof dêrby foar de dûnsers, dy't oertsjûgjend en hast perfeksjonistysk har lichemsbehearsking útfiere. Nije talinten ek. Want de earste groep spilers fan it selskip, socht it ta spyt fan Ivgi&Greben, nei it sukses fan it earste seizoen dochs wer fierderop. Logysk dat Greben hopet dat dizze groep no langer yn Ljouwert bliuwe wol. En bymekoar, sadat dit earste profesjonele dûnsselskip yn Fryslân, stadichoan in solide basis krije kin.
De grûnslach wêrop fierder boud wurde kin oan de sa winske lanlike en ynternasjonale útstrieling. De dûnsers lykje dêr klear foar. Benammen mei Björn Bakker en Matthea Lára Pederson, dy't dizze foarstelling net allinnich promininte rollen troch de beide goreografen taskikt krigen, mar ek opeasken. Top!
De seizoenen fielber yn kleuren en ljocht © Paul Sixta
Wol die it earste stik fan de foarstelling my sawol yn bewegings en byld bot tinken oan de teäterfoarstelling Wasted Skin fan Ivgi&Greben. Like driigjend en ûnmeilydsum. Neffens de belofte fan Greben soe dat yn it twadde en tredde part fan dit trije lûk totaal oars wurde.
Pessimisme en destruksje soe plak meitsje foar optimisme en hoop op ferbining tusken minske en natoer. Hieltyd út in oare perspektyf wei beljochte. De seizoenen fielber makke yn kleuren en ljocht. Wêrby't de dûnsers wikselje fan minske nei bist, nei organisme. Yn nije harmony mei it lânskip.

Werhelling

Wat my oanbelanget wurdt dy belofte net hielendal wiermakke. En pakt de twadde helte fan de jûn sawiesa wat minder út as it earste part. Oan de dûnsers sels leit dat oars net. It selskip bliuwt yn in dynamyske floeiende beweging. Mei no en dan prachtige solistyske bydragen. Dan falt lykwols wol op dat koreografy fan Ivgi&Greben in soad werhellings hat. En dêrtroch in bytsje foarsisber wurdt.

Flets

Hoe moai ek ferbylde, de taskôger fertsjinnet dan oer de hiele foarstelling mear ferrassende mominten. No koe it selskip de spanningsbôge net folslein ta de ein fêsthâlde en waard de foarstelling dêrtroch te wikselfallich. En dat is spitich. Hielendal as de bedoelde kleurepracht sawol yn kostúms as it bonte flierkleed dêr't op dûnse wurdt, troch de beljochting ek noch flets ôfstekt.
De neakene minsk yn al syn kwetsberens © Paul Sixta
Mar dan it slot. Tsjuster en ljocht stride om de haadrol. De neakene minsk yn al syn kwetsberens op syk nei in harmonieuze ferbining mei de natoer. It minsklik wêzen útbylde op in ekpressive wize. Mei sawol ferlieding en tearens as mei ôfwizing en fijannichheid. Mar boppeal mei hoop op in bettere takomst. De minsk yn harmony mei de natoer!

Slagge

Doel fan de goreografen is nei eigen sizzen dat har foarstelling as in emosjoneel eksperimint de taskôger úteinlik oanset ta tinken. Wat dat oanbelanget is Landscape with Figure in slagge foarstelling! En makket nijsgjirrich hokker eksperiminten ús noch te wachtsjen stean. Tongersdei 23 maart noch te sjen yn De Lawei yn Drachten en dêrnei rûnom yn it lân en de provinsje.