Nij plan moat eveneminten weromhelje nei Griene Stjer: "Leeuwarden en festivals horen bij elkaar"

Miskien kin Psy-Fi nei 2025 wer yn de Griene Stjer © Omrop Fryslân
It moat in grut ferskil meitsje foar festivals yn de Griene Stjer yn Ljouwert: in oanpast bestimmingsplan. It kolleezje fan B en W hat der tiisdei in klap op jûn en hopet dat it yn 2025 wer mooglik is om Welcome to the Village, Promised Land en Psy-Fi wolkom te hjitten yn it rekreaasjegebiet.
Nei alderhande rjochterlike prosedueres en it net trochgean fan eveneminten moat it fernijde bestimmingsplan feroaring bringe.
Neffens wethâlder Hein Kuiken makket dit plan it by rjocht mooglik om festivals te organisearjen yn de Griene Stjer. Dat wie earder net it gefal.

Beswier nei Ried fan Steat

Dochs komt der nei ferwachting beswier op it plan. Under mear út de stifting 'Groene Ster Duurzaam' wei. Dy hat earder suksesfol west mei it oanspannen fan rjochtsaken oer festivals.
Mocht de stifting ek tsjin dit plan beswier meitsje, dan komt de saak telâne by de Ried fan Steat. Dy sil dan beoardiele oft de festivals organisearre wurde meie of net.
Nettsjinsteande de skiednis fan ferlerne gerjochtlike prosedueres hat it kolleezje goede hoop dat de Ried fan Steat grien ljocht jaan sil. Dêrneist tinkt wethâlder Hein Kuiken dat se festivals wer it fertrouwen jaan kinne om werom te kommen nei de Griene Stjer.

"Leeuwarden en festivals horen echt bij elkaar"

"Ik kan geen bestemmingsplan bedenken waar we zo veel tijd en energie in hebben gestopt", seit hy. "Dat doen we omdat we daar in de toekomst graag weer festivals willen organiseren. We zijn overtuigd van de waarde van de festivals. Niet alleen op cultureel vlak, maar ook op sociaal en economisch vlak. Leeuwarden en die festivals horen echt bij elkaar."
Foarhinne wie it bestimmingsplan net goed regele, mar no wol, seit de wethâlder: