Gjin priis, wol striid op Orkestival: "Laten jullie nu maar eens zien wat jullie in huis hebben"

It wie meast yn it Concertgebouw yn Amsterdam, mar dit jier koenen skoalorkesten fan gymnasia yn Nederlân harren keunsten sjen litte yn De Harmonie yn Ljouwert. It festival Orkestival wurdt dit jier organisearre troch it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert.
"Dat is foar ús hiel bysûnder", seit rektor Dirk-Jan Dekker. "We binne hiel bliid dat wy no gasthear wêze meie fan al dy orkesten út it hiele lân. We hawwe sels as Beyers Naudé ek in tradysje mei muzyk en hawwe al mear as tweintich jier in orkest. We fine it ek ûntsettend moai dat al dy orkesten no by inoar komme."
Striid op Orkestival
De skoalle fynt it belangryk dat harren learlingen harsels ek ûntwikkelje op in oar mêd as allinnich fakken as wiskunde, Nederlânsk en biology. "Skoalle is net allinnich leare. It is net allinnich mar stof en toetsen. It is ek gefoel ûntwikkelje, gefoel foar keunst ûntwikkelje. Ekspresje. Dêr drage we hiel graach oan by. Us orkest is dêr in hiel goed foarbyld fan", seit Dekker.
Senuweftich
It skoalorkest fan Beyers Naudé sjocht it festival as it wichtichste optreden fan it jier, bûten harren eigen 'Grote Avond' op skoalle dan. En dus rûn de spanning yn it foar bot op. "Ik merkte aan mezelf dat ik zenuwachtig was en heel vroeg wakker", seit dirigint en muzykdosint Johanna Oudejans. "Dus ik was hier ook al denk ik als eerste om half acht. Aan leerlingen merk je het ook dat ze wat zenuwachtig zijn."
Dat befêstiget Evanna Boonstra, dy't dwersfluit spilet. "Het is landelijk en het is deze keer ook in onze thuisbasis. Dus dan wil je het ook extra goed doen, maar het ging wel goed. Dus de zenuwen konden we wel in bedwang houden."
Dat wie by it optreden yndie sa, fynt Oudejans. "Ik vond dat ze heel rustig op het podium zaten. We kregen dat ook terug van de jury. Dat ze er zelfverzekerd zaten."
Gjin wedstriid, wol prestearje
By it Orkestival is dus wol in sjuery, mar it is gjin wedstriid. Dochs moat der wol prestearre wurde, sa seit fioeliste Zihan Lin. Yn de kuiergongen wurde de prestaasjes ûnderling nammentlik wol bepraat. "Je wil laten zien: goh, dit is wat wij kunnen. En laten jullie nu maar eens zien wat jullie in huis hebben", seit Lin.
It optreden makke yn elts gefal yndruk op de sjuery. "We waren heel erg zelfverzekerd en we waren ritmisch goed ingebouwd", seit de fioeliste.