Provinsje warskôget yn brief oan Steaten: "Vraag of Thialf na zomer weer open kan"

Thialf © ANP
It is mar de fraach oft iisstadion Thialf nei de simmer iepen kin. Dat skriuwt it kolleezje fan Deputearre Steaten tiisdei yn in brief oan de Fryske steaten.
Dat komt benammen troch de noch altyd hege enerzjyprizen. Wannear't dy heech bliuwe, tinkt Thialf dat it de enerzjyrekken oer it seizoen 2023/2024 net betelje kin. "Het is dan niet verantwoord om na de zomer te starten", sa is te lêzen yn de brief.
Op 6 desimber fan 2022 naam de Twadde Keamer in moasje oan om Thialf foar de hegere enerzjykosten te kompensearjen. De minister sei letter dat se dy moasje net útfiere koe "vanwege eenheid van kabinetsbeleid."
It miljoen ekstra foar de enerzjyrekken hat Thialf it ôfrûne jier út eigen bûse betelle. Dat kin net nochris is de ferwachting.

Enerzjyhub

Yn it debat fan desimber waard fan it Ryk wol de tasizzing dien om 1 miljoen euro by te dragen oan "duurzame investeringen vooruitlopend op het nieuwe topsportaccomodatiebeleid." Thialf wol dat bedrach graach brûke om de earste faze fan in saneamde enerzjyhub te bekostigjen.
Deputearre Friso Douwstra (CDA) © Omrop Fryslân
"Litte wy foarop stelle dat we noch gjin euro út Den Haag krigen ha. Ek dat taseine miljoen ha we noch net krigen", seit deputearre Friso Douwstra. "No is der in mooglike oplossing foar de enerzjyopwekking en de kosten dêrfan, mar dat freget noch wol in ekstra ynvestearring. Dêr seit de minister no nee tsjin."
Mar de provinsje en de gemeente, oandielhâlders fan Thialf, wolle ek net wer ta de bûse, om't der ôfrûne jierren al mear as 60 miljoen euro yn Thialf stutsen is. Boppedat giet der fan de oandielhâlders al elts jier 800.000 euro nei de eksploitaasje fan it iisstadion.

2,5 miljoen tekoart

De enerzjyhub soe it mooglik meitsje moatte om stroom op goedkeape oeren op te slaan, en dy op djoerdere mominten werom te leverjen. In soarte fan batterij dus. Ek soe hjir de enerzjy fan de 5000 sinnepanielen op it dak foar brûkt wurde kinne.
In fol Thialf © Orange Pictures
It totaalbedrach fan dy enerzjyhub is 3,5 miljoen euro, wêrfan't dus noch 2,5 miljoen op it kleed komme moat.
Yn de brief oan de steateleden wurdt sein dat direkteur Dolstra fan Thialf oan it 'proefdraaien' is mei in digitaal model fan de enerzjyhub. Dat soe sa goed wurkje dat in enerzjyrekken fan minder as 400.000 euro mooglik wêze soe. Dat soe betsjutte dat de begrutting fan Thialf slutend makke wurde kin.

Twadde Keamer

5 april is der in debat yn de Twadde Keamer mei de sportwurdfierders fan alle politike partijen. It kolleezje hat dêrom ek al dy wurdfierders tiisdei in brief stjoerd. "Wy wolle Thialf als reedrydtimpel foar Fryslân en Nederlân behâlde. Mar wy hawwe der fan de provinsje en gemeente genôch jild ynstutsen", leit Douwstra út. "No is it oan it Ryk. We wolle dit debat fan begjin april yn de Keamer dan ek net foarby gean litte."