Molkwein kantele by Houtigehage, dyk wer frij

De kantele molkwein © ProNews Producties
Op de Skieding (N358) by Houtigehage is tiisdeitemiddei in molkwein kantele. De dyk wie yn beide rjochtingen ôfsletten. De sjauffeur is bot skrokken, mar mei de skrik frijkaam.
Earder wie der sprake fan in rekke gaslieding wêrtroch't in lekkaazje ta stân kaam wie. Dat like dêrnei net mear it gefal te wêzen. Wol binne de brânwacht en Enexis nei it ûngelok ta kaam. Ek wie der in kollegasjauffeur om de rest fan de molke út de wein te pompen.