Undersyk nei foarnblei jout dúdlikens oer kwaliteit Frysk oerflaktewetter

In foarnblei © YouTube
Giet it goed mei de stân fan de foarnblei (winde), dan giet it goed mei de kwaliteit fan it Fryske oerflaktewetter. Dêrom komt der de kommende jierren in ûndersyk nei dizze fisk yn en om de Tsjûkemar.
Wetterskip Fryslân sil yn gearwurking mei Sportvisserij Nederland, Sportfiskerij Fryslân en hegeskoalle Van Hall Larenstein it ûndersyk útfiere nei de migraasje fan de foarnblei yn it suden fan Fryslân. Dêrút moat dúdlik wêr't de fisken troch it jier hinne ferbliuwe.

Paaitiid

Ek wurdt yn it ûndersyk sjoen oft de fisken bygelyks nei De Linde of de Tsjonger lûke om te pearjen. Dat bart troch de kommende tiid fjirtich folwoeksen eksimplaren yn en om de Tsjûkemar te fangen.
"Sy krije in lyts stjoerderke yn de búk, dy't dêrnei wer fakkundich tichtmakke wurdt", leit Piet Achenbach fan Sportfiskerij Fryslân út. "As se by de pleatse hydrofoons del swimme, slaan dizze oan en kinne we sjen wêr't de fisken binne." Dy ûntfangers sille oant 2026 twa kear yn it jier útlêzen wurde.
De foarnblei is in swietwetterfisk dy't heart by de karperfamylje. Hy libbet yn iepen wetter en kin sa'n 30 oant 80 sintimeter lang wurde.
Foarnbleien wurde ek in soad brûkt as fiverfisken. It giet dan benammen om de 'goudwinde', in soad fan grutte goudfisk.
De fuortplanting fan foarnbleien fynt plak yn streamende rivierkes en beken. It soe dus sa wêze kinne dat se elk jier fanút de Tsjûkemar nei De Linde en De Tsjonger swimme om fuort te plantsjen.

Wetterkwaliteit

"Yn de Kaderrichtlijn Water stiet wêr't it wetter oan foldwaan moat. En as de foarnblei deryn libbet, dan kinst hast seker sizze dat it goed sit mei de wetterkwaliteit. Dan hast in hege skoare", seit Achenbach. "As bliken docht dat dizze fisken der binne, moat it gebiet mear geskikt foar harren makke wurde."
Om de fjirtich fisken, dy't foar it ûndersyk nedich binne, te senderjen wurde se de kommende tiid fongen yn de Tsjûkemar troch profesjonele fisker Pascal Sannes. Sportfiskers dy't in foarnblei fange yn en om de Tsjûkemar wurdt frege dat te melden by in spesjaal meldpunt.