HEA! De Magirus Deutz fan Sjoerd

HEA! Magiruz Deutz
Sjoerd van der Meer fan Surhústerfean hat in bysûndere bân mei syn Magirus Deutz. Dat komt omdat syn heit eartiids op dizze frachtwein ried.
Heit Hindrik wie frachtweinsjauffeur en ried yn in Magirus Deutz. Sjoerd gie as lyts jonkje faak mei en fûn it geweldich, neist heit yn de kabine. Tegearre hawwe se letter in âlde Magirus Duetz kocht om op te knappen. Mar heit Hindrik kaam yn 2014 te fertsjerren. Sjoerd hat de frachtwein allinnich opknapt, mar syn heit wie der yn tinzen altyd by, sa fertelt Sjoerd. Dêrom de bysûndere namme: Sjoch ris heit.