Finansiering ferbouwing Noordwester op Flylân liket rûn: "We kunnen eindelijk aan de bak"

De Noordwester op Flylân yn 2014 © Google Streetview
Natuersintrum de Noordwester op Flylân kin lang om let los mei de plannen foar in grutte ferbouwing en werynrjochting. De gemeenteried is moandei akkoart gien mei in bydrage fan oardel ton.
In moanne lyn kaam ek it Waadfûns al mei in grutte bydrage, dêrmei is de finansiering no fierhinne rûn, fertelt foarsitter fan it bestjoer Dick Visser. "Daar zijn we hartstikke blij mee, het betekent dat we eindelijk aan de bak kunnen en het een toekomstbestendig museum kunnen maken."
It gebou wie wol ta oan fernijing. Yn de lêste tweintich jier is der neat dien om it sintrum by de tiid te bringen. It duorre ek lang omdat neitocht wurde moast oer de takomst fan it sintrum, seit Visser. "Wat willen we eigenlijk? Moet het groter of kleiner, en op deze plek of op een andere plek?"
Yngong fan de Noordwester op Flylân © Google Street View
Plannen foar in oare lokaasje kosten tefolle, dêrom is besletten om op deselde lokaasje te bliuwen. "Er moeten hier dingen gemoderniseerd worden en ook de aantrekkelijkheid van buiten verbeterd worden."
In probleem is dat it sintrum no hast net opfalt, stimt Visser ta. "Dat is één van de dingen die we moeten verbeteren, we krijgen nu een mooie glazen pui." Fierder wurdt ynset op "digitale presentaties te maken van het leven op het eiland en om het land".

Tûkelteam

"Als het goed is hebben we nu zo'n beetje de financiering rond, we gaan de plannen klaarmaken en dan gaan we een aanbesteding doen." De beskikberheid fan fakminsken om it wurk út te fieren is wol in tûkelteam, foarsjocht Visser. "Zeker op een eiland heeft dat wel een invloed."
It doel is om yn 2025 de weriepening te hawwen.