Krúspunt Quatrebras noch ien kear ticht foar lêste wurksumheden

De wurksumheden oan de N355 by Quatrebras binne hast klear. It krúspunt wurdt takom wike tongersdei noch ien kear ôfsletten om de lêste hân te lizzen oan de dyk.
Der wurdt al moannen wurke oan it krúspunt, it autoferkear koe dêrtroch allinnich oer de Rijksstraatweg tusken Hurdegaryp en Noardburgum. Ferkear fan en nei Burgum en Feanwâlden ta moast omride. Fan tongersdei 30 maart oant en mei snein 2 april kin der hielendal gjin ferkear oer it krúspunt.
Oannimmer BAM asfaltearret dan it lêste part fan it krúspunt. Njonken it oanbringen fan markearringen op it asfalt, moatte de stopljochten ek noch test wurde. De wurksumheden duorje snein oant 17.00 oere. Dêrnei is de dyk wer iepen foar ferkear.