Dierenvoedselbank Ljouwert hat grut ferlet fan iten, romte en jild

De Dierenvoedselbank yn Ljouwert hat geregeld grut ferlet fan iten, romte en jild. Mei it tanimmende tal klanten is it hast net mear te dwaan de ienmansorganisaasje by Penny Nienhuis thús te hâlden.
Se die dêrom in oprop op Facebook. Omdat bistefoer hieltyd mear kostet, mar de earmoed ek grutter wurdt, komme mear en mear minsken by Nienhuis foar help. Se docht it no sa'n acht jier fia de Stichting Wie Vult Mijn Bak en de Dierenvoedselbank Leeuwarden hat sa'n 60 klanten.
It is eins wat út de hân rûn, seit se. "Ik doe het heel graag en daarom is het best wel groot geworden hier in Leeuwarden. Het kan allemaal net wat beter en wat professioneler, eigenlijk."
Penny Nienhuis dielt iten út foar bisten
Se dielt iten en oare saken foar de fersoarging ien kear yn de wike út út har bykeukentsje wei. Se hat ek in loads dêr't se guod opslaan kin, mar dat leit fier út it sintrum wei op it yndustryterrein.
Omdat it sa krap is, hat se sa út en troch wol in stop op de help set. Der is op it stuit in wachtlist. "Maar dat doe je liever niet, want je weet ook dat mensen het echt nodig hebben."
Net wer nei it asyl
Brûkers fan de Dierenvoedselbanken binne minsken dy't al bisten hienen en it foer noch betelje koenen foardat se yn de problemen kamen.
Ien fan harren is Valerie van Wely. "Ik zit al jaren in een moeilijk parket. Dat betekent dat ik bij de bewindvoering zit. Die hebben in eerste instantie gezegd: je moet het huisdier weg doen. Ik heb één kat. Die heb ik zelf uit het asiel gehaald, dus die wilde ik absoluut niet daarnaartoe terugdoen. Zonder de Stichting Wie Vult Mijn Bak had ik het niet kunnen doen."

Ek kliïnt Benita Ruijgh kin net sûnder Nienhuis. "Ik zit zelf in de bewindvoering. Ik kom hier, omdat de kosten voor de dierenvoeding voor mijn twee Italiaanse windhonden hoog zijn. Nu hoef ik ze niet weg te doen en krijgen ze goed eten. Ik heb nu hele vrolijke honden, dankzij Penny."
Nienhuis fynt dat de gemeente de voedselbank foar bisten, lykas by de voedselbank foar minsken, finansjeel stypje moat. De Dierenvoedselbank hat it meast ferlet fan mear romte. Mar nije finansjele donateurs binne altyd wolkom. En Nienhuis hopet dat se neist dierewinkels dy't no guod jouwe ek Fryske fabrikanten fan bistefoer as donateurs krije kin.