Partijen yn Steaten prate woansdei oer foardracht Chris Stoffer (SGP) as ferkenner

De partijen dy't yn de nije Provinsjale Steaten komme beprate woansdei it foarstel fan BBB Fryslân om SGP-Twadde Keamerlid Chris Stoffer oan te stellen as ferkenner. Dan wurdt ek de opdracht dúdlik dy't Stoffer krekt meikrijt, as alle partijen dêrmei akkoart gean.
De BBB, dy't ferline wike de ferkiezingen yn Fryslân wûn, presintearre Stoffer ôfrûne freed as kandidaat-ferkenner. Stoffer is gjin bekende yn de Fryske polityk, mar it kontakt dat er yn Den Haag hat mei de BBB-fraksje is goed, sizze beide partijen.
Moandei wie it earste petear tusken BBB Fryslân en Stoffer, dy't earder twa kear ynformateur wie foar de gemeenteried fan Nunspeet.
As woansdei de oare partijen yn Provinsjale Steaten akkoart geane mei de foardracht fan Stoffer, dan is syn doel om mei yngong fan tongersdei mei alle partijen te praten, ynklusyf de BBB sels. "Mij is gevraagd om duidelijk boven alle partijen te staan, dus dat ga ik ook doen", seit er dêroer.
Ut de petearen moat dúdlik wurde wat de foarkarren binne fan de ferskate partijen.
De BBB krijt yn de nije Provinsjale Steaten fjirtjin sitten, der binne 22 nedich foar in mearderheid.
Brûk de koälysjebouwer om te sjen watfoar kombinaasjes der mooglik binne om ta in mearderheid yn de Steaten te kommen.