Earste Keamerlid Atsma (CDA) wol dat kabinet 2030 loslit: "Oars nimme je de kiezer net serieus"

Senator Joop Atsma fan it CDA tinkt dat it kabinet falle sil as it fêsthâlde wol oan it mei de helte ferminderjen fan de stikstofútstjit yn 2030. "Oars nimme je de kiezer net serieus."
De yn Surhústerfean berne Atsma docht syn útspraken nei oanlieding fan de útslach fan de Provinsjale Steateferkiezingen. Yn alle provinsjes waard de BBB de grutste. Atsma syn CDA waard suver marzjinalisearre.
'2030' fan tafel
"Ik tink dat de tsjinstelling tusken stêd en plattelân, Rânestêd en regio hiel bot trochklinkt yn dizze ferkiezingsútslach. Ik fyn dat it kabinet yn de Twadde Keamer, en dus ek it CDA, him der absolút wat fan oanlûke moat."
"Ik hoopje dat se ta it ynsjoch komme dat it oars moat", seit Atsma, dy't dêrby bygelyks doelt op it foarnommen beslút om de stikstofútsjit yn 2030 mei de helte werom te bringen. "Dat wie de drip dêr't de amer fan oerrûn. Ik tink yn it foarste plak dat dat no oars moat. As se dit sinjaal negearje, dan tink ik dat der net in soad perspektyf is."
De ultime konsekwinsje
"As it net út de Twadde Keamer komt, dan sil de Earste Keamer it sûnder mis tsjinhâlde yn de takomst. Dêr bin ik wis fan, mei sa'n sterke BBB-fraksje en oare partijen dy't it ek net wolle", stelt Atsma.
As it regear dochs fêsthâlde wol oan '2030', dan komt it neffens Atsma net goed mei it kabinet: "Dan nimme je de kiezer net serieus. Dan is it oer. De ultime konsekwinsje is dan dat it kabinet ferdwynt."