Melkfeehâldersorganisaasje DDB stapt út it lânbou-oerlis

Sieta van Keimpema, bestjoerder fan DDB © ANP
Dutch Dairymen Board (DDB), dy't de suvelsektor fertsjinwurdiget, hat gjin betrouwen mear yn de hjoeddeistige plannen fan de oerheid. Mei de grutte winst fan de BoerBurgerBeweging sjogge sy kânsen om ta in oar belied te kommen.
No't de BBB mear ynfloed krijt yn de Earste Keamer, wol DDB foarkomme dat it oerlis ta in akkoart liede sil binnen de grinzen fan it hjoeddeistige kabinetsbelied. Dat soe de Earste Keamer yn in "ûnmooglike posysje bringe", sizze bestjoerders Sieta van Keimpema en Jan Aantjes.
Ek binne de rânebetingsten en easken fan it kabinet in te hege drompel, fine sy. Dy soene "gjin perspektyf biede oan de melkfeehâlderij." "Wy wolle hiel graach in lânbouakkoart mar net ûnder dizze doelen, dêrom dogge wy in stapke werom", leit Van Keimpema út.
De ûnderhannelingen binne benammen dreech op it mêd fan ekstinsivearring. It kabinet wol dat der minder fee de hektare rûn rinne sil. Boeren sjogge hjiryn in bedriging foar harren bedriuwsfiering.

Oare sektoaren

DDB siet oan de ûnderhannelingstafel by ien fan de seis sektoaren dy't prate oer it lânboubelied. Under mear LTO en Agractie sitte oan dy tafel foar molke- en keallehâlders. Dêrneist binne noch fiif oare sektoaren dy't meiprate sa as de bargehâlderijen, de plomfeesektor, ikkerbou en blommetylt.
Van Keimpema tinkt dat no't de DDB út de ûnderhannelingen stapt, it dreech wurdt om it mandaat te hâlden. "As ús boeren net meidogge, hat dat wis ynfloed." Lânbouminister Piet Adema hat witte litten dat de ûnderhannelingen net yn gefaar komme, omdat DDB net oan de haadtafel sit fan de ûnderhannelingen.