Deksmannen yn Harns oan de bak foar nij feiligenssertifikaat: "Oefenen, oefenen, oefenen"

Traine foar it sertifikaat © Omrop Fryslân
Foar profesjoneel silen yn de binnenfeart is mei yngong fan 1 april it sertifikaat Basistraining Veiligheid Deksman fereaske. Dêrom moatte deksmannen oan de bak by de Maritieme Academie yn Harns.
Moandeitemoarn krigen de kursisten it ûnderdiel brânfeiligens foar de kiezzen. Earst de brândwêster (blusser) efkes teste, goed sjen nei de wyn, en dan de flammen te liif gean. Foar in soad fan de oanwêzige skippers en matroazen is dit neat nijs.
Kursus foar nij sertifikaat foar de silerij
Dochs is it in goeie saak dat se de blusser wer efkes yn de hân hawwe, seit kursuslieder Peter Lock. 'Oefenen, oefenen, oefenen' is syn mantra. Lock: "Er zijn verhalen waarbij dankzij adequaat optreden van bemanning geen slachtoffers zijn gevallen. Dat doe je door vertrouwd te raken met een situatie."
De kommende dagen stean yn it teken fan it neispyljen fan needsituaasjes. Dêrfoar wurdt ek gebrûk makke fan de tsjalk Res Nova. In skip dêr't ek Lock begjin jierren '90 trainingen op krige. Dosint Tobi Schouwstra: "We varen met zeilende passagiersvaart. Vaak met touwen en zo, het is niet zonder gevaren om aan dek te lopen."

Risico

De feiligens oan board fan skippen leit ûnder in fergrutglês, hielendal sûnt it ûngelok mei charterskip De Risico ferline jier. Lock sjocht in refleks fan de polityk om nei ynsidinten mei mear regels te kommen. Dy meitsje de situaasje net altyd better. "We willen alles regelen, maar de natuur werkt zo helemaal niet." Lock ropt de oerheid op om kritysk te sjen nei de regels.