Meiwurkers Empatec yn Snits lizze wurk koart del foar heger lean: "Dit is oneerlijk"

Wurkûnderbrekking by Empatec © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Wurknimmers fan sosjale wurkfoarsjenner Empatec yn Snits ha moandeitemoarn it wurk in skoft dellein. De fakbûnen CNV en FNV hienen yn de kantine in byienkomst belein. De bûnen wolle sa ynn byld krije hoe grut oft de finansjele problemen fan de wurknimmers binne.
Meiwurkers by sosjale wurkfoarsjenners lykas Empatec ha gjin kompensaasje krigen foar de hieltyd hegere kosten foar bygelyks enerzjy. De cao rint noch oant 2025. Se krije fia de gemeenten wol enerzjykompensaasje, mar dêr hâldt it mei op.
"Het is lastig, je moet goed kijken wat je koopt. Boodschappen worden steeds duurder", seit Sylvana. "Je laat de A-merken vaak liggen." Rein Velting hat it botste lêst fan hege enerzjyrekkens: "Dat wordt steeds hoger en hoger. Alles wordt steeds duurder, je houdt niet zoveel meer over."

Needfûns

Der wurkje om ende by de 1100 minsken by de festiging fan Empatec yn Snits. Inkelde hûnderten wienen by de byienkomst fan de fakbûnen. "Het geeft aan dat het leeft", seit Sylvana. Mar oft it wat úthellet is ek foar har in fraach: "De mensen laten hier zien dat ze meer willen verdienen. Dat ze hopen dat ze het dan beter krijgen en dat het wat uitmaakt. Wij gaan er alleen niet over."
Se is al bliid dat Empatec-direkteur Sandra de Boer ek oanwêzich is by de gearkomste. Se wurket noch mar krekt by de wurkfoarsjenner, mar kriget al goed mei wat der spilet.
Dêr wat oan dwaan kin se net samar. "We binne mei it direksjeteam oan de slach om te sjen wat wy dwaan kinne", seit De Boer. "We tinke bygelyks nei oan in needfûns, dat we minsken dêrmei helpe kinne."

Neat oan te dwaan

De direksje fan Empatec kin dêr sels lykwols neat oan feroarje, seit De Boer: "Dat kloppet. Dat leit by de fakbûnen en de Vereniging Nederlandse Gemeenten (VNG) om dêr kompromissen yn te sluten."
De fakbûnen wolle dat graach, seit Nico Foppen fan CNV Connectief: "Wij zijn al heel lang bezig verbetering te krijgen in de cao. Deze is al van voor de inflatie. De VNG zegt dat er geen geld is omdat er grote tekorten zijn. Het Rijk wil niet bijpassen. Er moet meer geld bij voor deze mensen. Het is een schande dat dat er niet inzit."
Sosjaal wurkbedriuw Empatec © Omrop Fryslân
It wurk dellizze om dat foarinoar te krijen sit der ek net yn. "We kunnen niet staken, dus moeten we het hebben van de werking van de publieke opinie. Dat er politieke druk op de ketel komt. Dat er meer Rijksgeld gaat naar de gemeenten."

Net earlik

Net eltsenien dy't by in sosjale wurkfoarsjenner wurket hat itselde probleem. Der rinne dêr trije ferskillende cao's. By twa dêrfan is wol kompensearre. "Dat is oneerlijk", seit Foppen. "Begeleiders krijgen wel extra loon maar de mensen die ze helpen niets. Het kan zelf zo zijn dat er twee mensen naast elkaar staan te schoffelen. Dan krijgt de één wel compensatie en de ander niet. Dat is gewoon niet uit te leggen."
Meiwurkers Empatec yn Snits lizze wurk koart del