Van Hooijdonk mei dochs debutearje yn seleksje Jong Oranje

Sydney van Hooijdonk © Orange Pictures
Fuotballer fan SC Hearrenfean Sydney van Hooijdonk is dochs noch oproppen foar it alvetal fan Jong Oranje. Troch blessueres yn de seleksje mei de oanfaller dochs mei op trainingskamp. Milan van Ewijk en SC Cambuur-spiler Daniël van Kaam waarden earder al oproppen foar de definitive seleksje.
Tegearre mei teamgenoat Milan van Ewijk siet er al yn de foarseleksje mar waard net selektearre. Troch blessueres fan Devyne Rensch (Ajax), Sven Mijnans (AZ), Jeremie Frimpong (Bayer 04 Leverkusen) en Mees Hilgers (FC Twente), kin Van Hooijdonk dochs mei nei it Spaanske San Pedro del Pinatar. Dêr sil de seleksje takom wykein oefenwedstriden spylje tsjin Noarwegen en Tsjechië.
Dat is yn tarieding nei it EK oankommende simmer. Dan spilet de seleksje yn Roemenië en Georgië. Neist Van Hooijdonk binne moandei ek Million Manhoef (Vitesse), Anass Salah-Eddine (FC Twente) en Shurandy Sambo (Sparta Rotterdam) oproppen troch trainer Erwin van Looi om harren debút te meitsjen.