Buert wol meiprate oer bestimming It Buro yn Boalsert: "Ferdwine de maatskiplike ynstellingen?"

Omwenners en hierders fan it eardere plysjeburo yn Boalsert wolle net dat der apparteminten yn it gebou komme. Al mear as tsien jier sitte ferskate bedriuwen yn it gebou, mar de eigener soe de gemeente frege ha om it bestimmingsplan te feroarjen. Se ha dêrom in petysje opset.
"De ynformaasje kaam heal desimber fia in oar kanaal by ús binnen, it kaam net fan de eigener sels", fertelt Meiny Bakker. Sy hat ek in bedriuw yn it gebou. "Wy ha achter de eigener oan west. Yntusken witte we dat de eigener de boel sels wat oan it ferkennen is."
Neffens Bakker is it plan aardich serieus, want de tekeningen lizze al by de gemeente. "Dêr wurdt it wol serieus nommen. Dêrom hienen wy as buert wol soks fan 'wy wolle hjir ek oer meiprate'."
Bestimming
It beswier fan de buert sit him yn twa saken, leit Bakker út. De minsken út de buert binne benaud foar heechbou. "Mar sy sizze ek dat de bestimming in maatskiplike bestimming is, dy kin der net samar ôfhelle wurde."
En krekt dy maatskiplike ynfolling fan it âlde plysjegebou fine de omwenners noflik, seit Bakker. Sa sitte der foarsjenningen lykas in kapper en in fysioterapeut yn it gebou.
Dêrom is der no in petysje opset: "It giet ús derom dat it heech op it listje yn de polityk komt. Wat is de bedoeling fan maatskiplike ynstellingen as dizze?", freget Bakker har ôf. "Ferdwine dy út Boalsert?"
In skeel mei de eigener is der net. "In eigener dy't der apparteminten yn ha wol mei dat fansels oanfreegje, dat is syn rjocht. It giet ús benammen om dy bestimming en wy binne benijd hoe't de polityk hjirop reagearret."