Earste ljipaai yn Harns fûn, it frije fjild yn lêste gemeente is ek sletten

Op in tulpefjild yn de buert fan Harns fûn Sjoerd Atze de Jong moandeitemoarn it earste ljipaai fan Harns. Dat is de lêste gemeente dêr't noch in aai fûn wurde moast.
Foar De Jong is it de twadde kear dat er it earste aai fan syn gemeente fynt. De hiele wike wie der al oan it sykjen yn syn wachtgebiet, doe't er moandeitemoarn in jok (wyfkesljip) fuortfleanen seach, wie it al gau raak. De Jong is ek neisoarchkoördinator fan Harns/Kimswert.
It frije fjild yn Fryslân is mei dizze fynst sletten. De neisoarch sil opstart wurde, sa'n 3500 frijwilligers sille harren der mei dwaande hâlde.
Ferline jier
Ferline jier hie Wietse Jan Dijkstra fan Sint Anne it earste ljipaai op 14 maart fûn yn in greide by de Warkumerwaard. Yn 2021 waard it earste ljipaai fan Fryslân op 6 maart fûn by de buorskip Spriens, ûnder Raard. De 39-jierrige Simon Spriensma fan Dokkum wie de finer fan dat aai.
Yn 2019 waard it earste ljipaai wol hiel betiid fûn: op 28 febrewaris al. Eduard van der Hoek trof it earste aai doe oan yn Vegelinsoard: nea earder waard in ljipaai sa betiid yn it jier fûn.
Op 12 maart waard it earste ljipaai fan Fryslân fûn en it earste ljipaai fan Nederlân waard de dei dêrfoar fûn yn Oerisel.