Ynwenners fan Heech kinne meiprate oer ferlinging fan opfang asylsikers

De opfanglokaasje yn Heech © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Heech hat sûnt oktober 2021 in needopfang foar 150 asylsikers. De tydlike opfang yn de eardere StayOkay waard earder al ferlinge. No hat it COA frege om de needopfang noch twa jier iepen te hâlden, oant maaie 2025. Ynwenners fan Heech kinne dêr hjoed oer meiprate.
"De mienskip fan Heech en omkriten hat de ôfrûne jierren hiel gastfrij west. Der binne in soad frijwilligers aktyf", seit Jannewietske de Vries, boargemaster fan Súdwest Fryslân. "De situaasje op in soad plakken yn 'e wrâld is ynstabyl en de flechtlingestream bliuwt tanimmen. Wy wolle it fersyk fan it COA dêrom ûndersykje, mar we fine it ek belangryk om de minsken dêrby te belûken."
It giet benammen om húshâldingen mei in ferbliuwsfergunning dy't wachtsje op in wenning. Winterdeis wenje in lytse 200 minsken yn de opfang, simmerdeis is dat sa'n 100.
Oant no ta rint de opfang goed en hawwe der gjin ynsidinten west. Ek yn de simmer mei de toeristen giet it goed. De eigener hat oanjûn noch wol in kear ferlingje te wollen.
De eardere StayOkay © Omrop Fryslân
De ynwenners kinne hjoed fan 17.30-20.00 oere prate mei minsken fan it COA, de opfang, de eigeners fan de akkommodaasje en de gemeente. En online kinne se har reaksje kwyt op de webside fan de gemeente.
It kolleezje nimt takom wike in beslút oer it fersyk fan it COA.
Boargemaster Jannewietske de Vries