Earbetoan oan Piet Paulusma eksakt ien jier nei syn ferstjerren: "Hy fertsjinnet it"

Piet Paulusma © Omrop Fryslân
Eksakt ien jier nei it ferstjerren fan de bekende waarman Piet Paulusma wurdt der noch hieltyd oan him tocht.
"Hy hat it fertsjinne." Dat seit Martsje Paulusma, de dochter fan Piet, oer it monumint dat foar him makke is op de Cauberg yn Valkenburg. It is in sinnewizer.
It monumint waard ûntbleate troch syn pakesizzers.
Pakesizzers fan Piet Paulusma ûntbleatsje monumint yn Valkenburg
It is op de dei ôf ien jier lyn dat Piet Paulusma ferstoar. Hy wie slim siik, mar net ien mocht it witte. Oant it lêst presintearre hy it waarberjocht, ek foar Omrop Fryslân.
De reden dat syn monumint yn Limburch stiet, kinne we lêze op in buordsje, dat derby stiet.
Piet Paulusma (1956 - 2022) was een Nederlandse weerman met humor en gezag. Tientallen jaren voorspelde hij dagelijks via landelijke en regionale media het weer.
Vanaf dit park op de Cauberg verzorgde hij meer dan honderd weersvoorspellingen voor een miljoenenpubliek.
Deze zonnewijzer is bedoeld als herrinnering aan de karakteristieke Friese weerman. Piet Paulusma liet door zijn persoonlijke benadering voor velen altijd de zon schijnen.
Hij sloot zijn bijdragen steevast af met het voor iedereen herkenbare 'oant moarn'.
De Fryske waarman hie wat mei Limburch. Hy hold fan it karnaval. En ek simmerdeis wie er dêr faak op fakânsje. It waarberjocht presintearre er dan fan syn fakânsje-adres ôf.
Syn dochter Martsje is der grutsk op, dat der no in monumint is. "Ik fyn it hiel bysûnder. Hielendal op sa'n moai plakje, boppe op de Cauberg. Limburch sit yn ús hert, we komme hjir al hiel lang."
Martsje Paulusma oer monumint foar heit Piet: "Miskien hie it wol yn Fryslân moatten"
Miskien hie it monumint wol yn Fryslân stean moatten, seit Paulusma, as it har frege wurdt. En de inisjatyfnimmer fan it monumint is ek in Fries: Joop Atsma.
Atsma leit út dat Piet Paulusma in hechte bân hie mei Limburch, mar hy fynt dat ek der yn Fryslân earne in iepenbier monumint komme moat.
"Ik tink dat Piet it fertsjinnet. Dat it passend is en miskien wol moat is foar my gjin fraach, mar mear as dúdlik."
Piet Paulusma © ANP
Omrop Fryslân hat plannen foar in earbetoan yn Ljouwert, al is dat mear bedoeld foar de meiwurkers as foar it grutte publyk, seit direkteur Houkje Rijpstra.
"Piet hat 35 jier lang ús kollega west. De winsk fan ús meiwurkers is dêrom dat wy ergens op ús terrein in plakje krije dat oan Piet tinken docht."
Direkteur Omrop Fryslân: "Piet wurdt hjir noch hiel faak neamd"
"Piet wie ien fan de ikoanen fan Omrop Fryslân", seit Rijpstra. "We ha no ek hiele goeie waarminsken, mar Piet wurdt by ús noch hiel faak neamd, en ik tink ek net dat dat samar oer wêze sil."
"Op it terrein fan Omrop Fryslân komt in bankje te stean, mei in plakkaat derby. It aldermoaiste soe it wêze dat de spreuk dêr ek in plakje krijt, dy't ús altyd sa oan Piet tinken docht: 'Moarn mar wer efkes yn it waar sjen'".