Dit is wat de BBB mei Fryslân wol as it net oer stikstof giet

Stikstof wie foar hast alle BBB-stimmers in belangrike reden om dy partij te kiezen, ôfrûne woansdei. En oer it stikstofstânpunt is al fan alles sein. Mar wat wol de BoerBurgerBeweging eins fierder mei Fryslân?
92 prosint fan de minsken dy't ôfrûne woansdei op de BBB stimd ha, die dat mei stikstof as belangrike reden. Mar der binne mear driuwfearen, blykt út ûndersyk fan Ipsos yn opdracht fan de NOS. Dan giet it oer ûnfrede oer de lanlike polityk en oer in gebrek oan fertrouwen yn premier Rutte.

Yn dit artikel geane we fjouwer tema's by del en sjogge we wat de Fryske ôfdieling fan de BoerBurgerBeweging dêroer seit. Om te begjinnen:
Lelyline: mei of sûnder deltaplan?
Al tsientallen jierren wurdt der praat oer in nije spoarferbining tusken de Rânestêd en Grins, troch Fryslân hinne. In mearderheid yn Provinsjale Steaten fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân is foar it plan, mar der is ek ferset.
Dat ferset kaam benammen op gong doe't de spoarline keppele waard oan it saneamde Deltaplan voor het Noorden. Underdiel fan dat plan wie de bou fan 220.000 hûzen yn de fjouwer noardlike provinsjes. Dat oantal is yntusken wol in stik leger.

BBB Flevolân is flak foar de Lelyline, BBB Grinslân just net. En partijlieder Caroline van der Plas sei dat se der 'pinebúk' fan krige.
De Fryske ôfdieling skriuwt yn it partijprogramma dat mobiliteit en bettere ferbiningen wichtich binne. Listlûker Abel Kooistra sei yn in ferkiezingsdebat by Omrop Fryslân ek dat Fryslân in goede ûntsluting fertsjinnet.

Tagelyk fynt de partij dat it Ryk earst besteande knyppunten yn de ferbining tusken Fryslân en it Westen oplosse moat: "Andere spoortrajecten worden eerst geoptimaliseerd, pas daarna kijken we of een mogelijke aanleg Lelylijn wenselijk is."
De Lelyline moat wat BBB Fryslân oanbelanget sowieso loskeppele wurde fan it Deltaplan voor het Noorden. Mei dat stânpunt liket der romte om te praten mei bygelyks it CDA, want listlûker Friso Douwstra joech ek al oan dat er 'flak foar' de spoarline is, mar dat dat wat him oanbelanget wol loskeppele wurde mei fan de plannen foar hûzebou.
Hûzebou: wêr en foar wa?
Gjin 'deltaplan' dus, mar hûzen moatte der wol komme. Dêr binne hast alle partijen it wol oer iens. De provinsje hat yn septimber mei minister Hugo de Jong ôfpraat dat der foar 2030 sa'n 15.000 hûzen by komme yn Fryslân.

Nije wenningen moatte neffens de BBB benammen yn de besteande kearnen komme. Dêrby moatte ek lege kantoargebouwen omboud wurde ta wenplakken. Bûten doarpen en stêden bouwe hat net de foarkar fan de BBB.
De BBB wol ek dat de provinsje derfoar soarget dat minsken mei in 'lokale bining' foarrang krije by it tawizen fan in wenning.
Kultuer: besunigje of net?
In mearderheid fan Provinsjale Steaten stimde ôfrûne perioade yn mei in besuniging fan 1,6 miljoen op taal en kultuer. Yn oanrin nei de ferkiezingen joegen ferskate partijen al oan dat se de plannen fan tafel ha woenen.

De BBB skriuwt yn it ferkiezingsprogramma wol oer kultuer, mar yn hiel algemiene termen, jout nûmer twa fan de partij Auke Talsma ek ta yn it Omrop Fryslân-programma Buro de Vries.
Sa seit de partij neat oer hoefolle jild der krekt nei kultuer moat. "It is hiel dreech om dêr no al in statement oer te meitsjen", seit Talsma. "Want dan moatte it jild earst wol earne weihelje. Dat is noch ôfwachtsjen."

De kultuer dy't de BBB wichtich fynt, binne lokale inisjativen dy't har ynsette foar de eigen regio of streek. Dy moatte stipe krije. "Mar ek musea", fynt Talsma. "We ha wat wurkbesiken hân de lêste tiid, dan sjogge je watfoar gigantyske ynfloed musea ha kinne foar de minsken."
Enerzjy: wynmûnen of kearnsintrale?
De BoerBurgerBeweging is yn Fryslân net tsjin gaswinning. Yn it Fryske ferkiezingsprogramma stiet dêr neat oer, mar gaswinning "is op himsels net ferkeard", seit Talsma. "We moatte sjen dat we enerzjyneutraal wurde, mar yn earste ynstânsje ha we noch gas nedich."
Om te ferduorsumjen wol de BBB sjen nei kearnenerzjy. In kearnsintrale yn Fryslân is de partij net op tsjin. "Der is sá'n ferlet fan enerzjy, dus we moatte kieze. En as we gjin gas mear út de grûn helje, dan moatte we nei oare opsjes sjen."

Sinneparken en wynmûnen binne neffens Talsma net genôch. Boppedat moat dat net op 'moaie lânbougrûn', sa't er dat omskriuwt. "It moat lytsskalich en dan op plakken dêr't de grûn minder wearde hat."
En no?
As winner fan de ferkiezingen leit it inisjatyf no by de BBB om in koälysje te foarmjen. Moandei begjint ferkenner Chris Stoffer (Twadde Keamerlid foar de SGP) oan syn wurk, wêrby't alle partijen in 'sechje' dwaan meie.
Listlûker Abel Kooistra sjocht it wol foar him dat de partijen guon saken iepen litte. "Miskien moatte we ta nei in koälysje-akkoart op haadlinen."
Op de tema's wenningbou en ferduorsumjen is der in frij brede oerienstimming tusken de measte partijen, seit politikolooch Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie yn Ljouwert. "Verreweg de meeste partijen zijn voor verduurzaming en bijna iedereen denkt hetzelfde over waar nieuwe huizen moeten komen."
Kwa kultuer is it dreger oan te jaan hoe't de ferhâldingen lizze. "Daarover wordt nog vrij abstract geschreven. Dat begrijp ik ook wel: de BBB stapt net nieuw in. Maar ik had meer ambitie verwacht."
En in kearnsintrale sjocht Osinga der net gau kommen. "Daar is geen meerderheid voor."