Cambuur yn degradaasjekreaker fan it fjild blaasd troch Excelsior

De spilers fan Cambuur bale nei wer in tsjingoal © ANP
SC Cambuur hat mei romme sifers ferlern fan Excelsior. Yn Rotterdam waard it 4-1. De Ljouwerters spilen in dramatyske earste helte en kamen dêryn al mei 4-0 efter.
Yn ferliking mei de wedstriid fan ôfrûne wike tsjin PSV wie der ien wiziging yn de basisopstelling fan SC Cambuur. Sai van Wermeskerken spile op it plak fan Doke Schmidt.
Opstelling SC Cambuur: Ruiter; Van Wermeskerken, Smand, Bergsma, Bangura; Van Kaam, Paulissen, Foor; Balk, Johnsen en Mahi.
Nei fiif minuten hie Cambuur de earste grutte kâns op in doelpunt al te pakken, mar Bjørn Johnsen kopte in foarset fan Mimoun Mahi net fier genôch yn de hoeke om it doelman Stijn van Gassel lestich te meitsjen.

Ruiter makket flaters

Dat wie in djoere misser, want de earste kâns fan Excelsior wie wol raak. Robbin Ruiter brocht mei in minne úttraap Excelsior in balbesit. Kenzo Goudmijn helle út en de bal fleach binnen: 1-0.
En dat it net de dei fan doelman Ruiter wie, waard fjouwer minuten letter wer pynlik dúdlik. In foarset fan Siebe Horemans waard troch ferdigener Léon Bergsma oanrekke en de bal ferdwûn tusken de fuotten fan Ruiter troch yn de goal: 2-0.
Sjoch hjir nei in gearfetting fan de wedstriid:
Cambuur wie folslein fan slach en moast yn de 20e minút wer in tsjingoal ynkassearje. Dizze kear stie Horemans hielendal frij nei in frije traap en krige hy alle tiid om in hoeke út te sykjen. Dat die hy suksesfol: 3-0.

Lamprou hat twa kânsen nedich

Lazaros Lamprou wie de folgjende Excelsiorspiler dy't driigjend waard. Op it lêste momint koe Calvin Mac-Intosch mei in sliding foarkomme dat de Grykske oanfaller der 4-0 fan makke.
It wie net mear as útstel fan eksekúsje, want yn de 33e minút wie it wol raak foar Lamprou. Dêr mocht hy wol teamgenoat Marouan Azarkan foar betankje. Mei in prachtige aksje spile hy trije Cambuurspilers út en dêrnei hie hy in lûpsuvere foarset yn hûs. Lamprou naam de bal yn ien kear út de loft en Ruiter wie kânsleas: 4-0.
Azarkan mei de foarset op Lamprou © ANP
It siet Cambuur ek net mei, want yn de 40e minút skeat Navarone Foor in frije traap tsjin de peal.

Trije wiksels yn it skoft

Cambuur hie yn de earste helte al twa kear wiksele en yn it skoft grypte trainer Sjors Ultee nochris trije kear yn. Mei dy nije krêften begûn Cambuur goed oan de twadde helte. De bal kaam nei in foarset fan de rjochterkant foar de fuotten fan Alex Bangura. Dy skeat de bal yn de goal: 4-1.
De Ljouwerters krigen nei it doelpunt wer wat fertrouwen. Cambuur spile fol op de oanfal en yn de 68e minút krige de ploech ek in goede kâns op de 4-2. It skot fan ynfaller Jamie Jacobs waard lykwols keard troch doelman Van Gassel.
Efkes letter besocht Mac-Intosch mei in knal fan ôfstân. De bal swabbere oer de goal fan Excelsior.
Bangura yn duel mei Agrafiotis © ANP
Yn de 73e minút waarden de Rotterdammers wer ris gefaarlik. Horemans kopte in hoekskop tsjin de peal. De bal kaam doe foar de fuotten fan Noah Naujoks. Dy waard oantikke troch Jacobs en skiedsrjochter Jeroen Manschot wie ûnferbidlik: strafskop. Nikolas Agrafiotis skeat it bûtenkânske lykwols fier oer de goal.
Sa einige it duel 4-1. Cambuur sit flink yn de problemen, want it gat nei it feilige fyftjinde plak is oprûn nei sân punten. Mei noch acht wedstriden te gean, wurdt direkte hanthavening in hiele drege opjefte foar de Ljouwerters.