Wangedrach ûntsiert 'derby van het noorden', Hearrenfean wint

Rebûlje yn it fak mei de Grinsoanhing © Orange Pictures
Yn in wedstriid dy't ûntsierd waard troch wangedrach fan 'supporters' fan FC Grins hat sc Hearrenfean foar it earst sûnt 19 febrewaris wer ris in wedstriid wûn. De derby fan it noarden einige yn 0-2 foar de ploech fan trainer Kees van Wonderen.
Jeffrey Bruma ûntbruts by Hearrenfean, om't er net fit wie. Syn plak sintraal yn de ferdigening waard ynnaam troch Syb van Ottele. Fierder mochten Thom Haye en Sydney van Hooijdonk yn de basis begjinne. Rami Al Hajj en Simon Olsson wienen passearre troch trainer Van Wonderen. Pelle van Amersfoort sakke dêrtroch in liny.
Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Van Ottele, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Van Amersfoort, Tahiri; Nunnely, Van Hooijdonk en Sahraoui.
Nei tsien minuten wie FC Grins tichteby de iepeningstreffer: in skot fan Elvis Manu bedarre tsjin de ûnderkant fan de latte. De Grinzers wienen ek de bettere ploech yn de begjinfaze. Se spilen folle fûler as Hearrenfean.
It wie dus net echt in ferrassing dat ek de folgjende kâns foar Grins wie. Thijmen Blokzijl krige de bal nei in frije traap foar de fuotten en skeat mar krekt njonken.

Keeper Grins helpt Hearrenfean

Nei in minút of 20 kaam Hearrenfean stadichoan wat better yn de wedstriid. De ploech slagge der better yn om Grins wat fierder fan de eigen goal te hâlden. Echt oanspraak op in doelpunt makke Hearrenfean noch net, mar dat doelpunt kaam der wol.
Dêrfoar hienen de Friezen wol de help fan Grinsdoelman Michael Verrips nedich dy't in skot fan Osame Sahraoui losliet. Van Hooijdonk stie op it goede plak om de bal yn it lege goal te tikjen: 0-1.
Sydney van Hooijdonk skoart © Orange Pictures
It doelpunt die Hearrenfean sichtber goed. De ploech fan trainer Kees van Wonderen wie in stik komfortabeler oan de bal as yn it earste part fan de earste helte. Boppedat wie Hearrenfean hiel effisjint, en dat hat dit seizoen ek wolris oars west.
Yn de 40e minút waard it 0-2. Van Amersfoort kontrolearre de bal kreas yn it strafskopgebiet. Blokzijl kaam der noch wol efkes tusken, mar Van Amersfoort koe úteinlik dochs úthelje. Verrips koe dy ynset noch wol keare, mar wer kaam de bal foar de fuotten fan Van Hooijdonk. Dy hie gjin problemen om de bal tsjin de touwen te sjitten: 0-2.
Nunnely yn in kopduel mei Grinsferdigener Willems © Orange Pictures
Yn de twadde helte kontrolearre Hearrenfean de wedstriid en loerde it op de counter.

Ungeregeldheden

It twadde bedriuw hie fierder net in soad om hannen, en dus hold Hearrenfean maklik stân. Dat wie fansels net wat de supporters fan FC Grins graach sjen woenen en guon koenen harren emoasjes net mear de baas.
In man besocht it fjild op te kommen en de spilers fan Grins moasten harren eigen oanhing kalmearje. Dêrby rekke Grinsspiler Jetro Willems yn in gefjocht mei in man út it publyk. De wedstriid waard doe stillein troch skiedsrjochter Serdar Gözübüyük.
In man út it publyk besocht it fjild op te kommen © Orange Pictures
De wedstriid lei goed in kertier stil. Yn it restant kaam Hearrenfean net mear yn de problemen. De wedstriid einige dus yn 0-2. Hearrenfean hat no 34 punten en klimt op de ranglist nei it njoggende plak yn de earedivyzje.