Skûtsjeskippersfroulju yn boek portrettearre: skipperje en húshâldzje

Alice Booij en Sippy Tigchelaar skreaunen it boek © Martin de Jong
It binne bysûndere portretten: de fyftjin froulju dy't Sippy Tigchelaar en Alice Booy beskriuwe yn harren boek 'Schippersvrouwen'. Yn it boek fertelle de froulju oer harren libben oan board fan skûtsjes.
Sippy Tigchelaar is foarsitter fan de stichting Foar de Neiteam dy't alles garret oer skûtsjes. "Der binne 870 skûtsjes boud. Fan 519 hawwe wy no alle gegevens opspoard", fertelt Sippy. "Ik nim it mysels eins wat kwea ôf dat wy nea omtinken jûn hawwe oan de froulju. It gie altyd om de manlju. Ek doe't ik as ferslachjouwer belutsen wie by skûtsjesylwedstriden."
It boek © Martin de Jong
It libben oan board fan in skûtsje dat fracht ferfierde, wie hurd. Neffens Alice Booy waard der hiel wat fan de froulju frege:
"Se moasten sterk wêze en fleksibel. Se moasten planne kinne en multytaske. Want harren taak oan board feroare hieltyd, fan wurkje oan it skip, stjoere en lade, nei húshâldlike taken en soargje foar de bern."
Sa fertelt Akke Hoekstra dat se as bern fan 13 en 16 jier meiwurken as wiene se folwoeksen. "Heit wie der net mear, want dy wie al jong stoarn. Wy berêden mei ús mem alles. Dat wie unyk fansels."
Wy wiene de sigeuners fan it wetter.
Anna van der Ploeg, skippersfrou fan 92 jier
Anna van der Ploeg beskriuwt hoe't de plysje in kear by har delkaam. Se leine doe mei it skûtsje oan de Emmakade yn Ljouwert en de 'gegoede burgerij' woe net útsjen op in line fol mei wask fan ruften en ûnderbroeken.
"Wy wiene de sigeuners fan it wetter" sei se tsjin de skriuwsters. "Se hawwe har echt wol diskriminearre field", fertelt Sippy Tigchelaar.

Oantinkens

It is opmerklik hoefolle oft de froulju, dy't al op hege leeftiid binne, noch witte fan dy tiid. "Dat wie hiel moai", seit Sippy. "As wy by sa'n frou del kamen, dan sei se dat der eins neat te fertellen wie. Mar as se dan ien kear oantinkens ophelle, dan folge it iene nei it oare. It iene wakkere it oare oan en sa hawwe wy prachtige ferhalen boppe wetter krigen."
Harkje hjir nei it petear mei Sippy Tigchelaar en Alice Booy oer it boek 'Schippersvrouwen'
Oer it generaal fertelle de froulju oer in swier en hurd libben. Se sjogge wol allegearre werom op in lokkige bernetiid. Se giene net faak nei skoalle. Allinne as se earne twa dagen of langer foar de wâl leine, giene se nei in skoalle ta. Faak kamen se dan achteryn de klasse te sitten, want foar in ûnderwizer wie der net folle eare oan te beheljen.

Man oan 'e wâl

It swalkjende bestean wie foar Anna van der Ploeg reden om hiel bewust mei in man te trouwen dy't oan 'e wâl wenne. Sy woe it har eigen bern net oandwaan om gjin bliuwende freonskippen opbouwe te kinnen.
Foarhinne diene de manlju net safolle.
Anna van der Ploeg, skippersfrou fan 92 jier
Anna van der Ploeg fertelt ek dat har mem in hiel swier libben hân hat:
"Se hie fiif bern en moast heit meihelpe. Sa moast sy altyd it skûtsje troch de brêge farre, want dêr wie sy folle tûker yn as heit. Foarhinne diene de manlju net safolle."
Mei it optekenjen fan de ferhalen fan de skippersfroulju is in gat folle en dêr binne de skriuwers bliid om. "Wy wiene miskien al wat oan de lette kant, mar ik bin bliid dat we noch fyftjin froulju fine koene dy't allegear prachtige ferhalen ferteld hawwe", seit Sippy Tigchelaar.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.