Hanna (21) siket helphûn: "Ik heb veel strijd in het dagelijks leven"

Hanna Stolk hat komplekse PTSS en se is autistysk. Se kin eins nearne te plak. In helphûn soe foar har in oplossing wêze om wer in bytsje libje te kinnen.
Al in heal jier wennet Hanna Stolk út Noardwâlde op in sletten psychiatryske ôfdieling fan de GGZ op It Hearrenfean. Net omdat it moat, mar omdat der gjin goed plak is foar har yn in wenfoarm mei de goede help en begelieding.
Dat probleem komt folle mear foar. Faak bliuwt it ûnder de radar. Stolk wol dat it probleem ûnder de oandacht komt.
Hanna Stolk wol in helphûn
Se wol ek hiel graach in helphûn. Dat soe foar har in soad problemen oplosse. Mar helphûnen binne djoer. Se kostje hast 19.000 euro. Dat kin se net betelje en dêrom hat se in crowdfundingsaksje opset.
Trauma's
Hanna hat yn har jonge libben meardere trauma's oprûn. Seksueel misbrûk, strukturele pesterij en bedrigings op skoalle. Se hat autisme, mar dat wurdt pas jierren letter dúdlik.
Om har sânde jier hinne waard se seksueel misbrûkt. Har âlden wisten fan neat, want Hanna prate der net oer, ek net yn famyljerûnte.
"Je voelt dat het niet goed is. Omdat het zo'n geheim is dat je niet openbaar kan maken omdat het zo pijnlijk is. Als ik erover zou praten, komt er te veel boven. Je probeert te ontkennen dat het gebeurd is."
Sjoch hjir nei Hanna har folsleine ferhaal:
It ferhaal fan Hanna Stolk
De problemen komme ta utering op de middelbere skoalle. As se 14 jier is, besiket se harsels tekoart te dwaan. Dat is in grutte skok foar har heit en mem. Se stiene al langer machteleas. Seagen wol dat it minder goed gie mei harren dochter, mar Hanna fertelde neat.
"Je staat voor zoveel instanties"
Hanna giet it helpferlieningstrajekt yn. Se komt yn de wrâld fan de jeugdpsychiatry, giet fan terapy nei terapy. It slagget net om dat ôf te meitsjen. De psychiaters wolle dat se fan skoalle ôf giet. Se giet fan plak nei plak, deibesteging, frijwilligerswurk, mar hat gjin oplieding.
De heit en mem fan Hanna wolle eins net dat se fan skoalle ôf giet. "Maar je staat voor zoveel instanties dat je je als ouders erbij neer moet leggen en er werd druk op gezet." No fine se dat hiel spitich. "Dat had niet gemoeten."
Trajekt rint fêst
Foar Hanna waard it libben der net better op. It bleau in striid mei harsels en mei de trauma's. Oant der in helpferliener wie dy't opmurk dat se miskien wolris autisme hawwe kinne soe.
Dat makke in hiel soad mear dúdlik. It betsjut ek dat se komplekse psychiatryske problematyk hat. Dan wurdt behanneling dreger. Se hat it dreech yn de kliniken. Dochs hat se ek goede dingen meimakke, benammen mei oare jonge pasjinten.
"Het was wachten en veel zoeken naar een passende plek en therapieën. Die kon ik niet afmaken door wachtlijsten. Daardoor liep het traject vast."
Har âlden nimme foar Hanna in hûn dy't se altyd fertrouwe kin, in maatsje foar har. It docht har goed.

Doe't Hanna 18 waard, gie se oer nei de psychiatry foar folwoeksenen, dat wie in aaklike tiid foar har. De oergong gie net sûnder wryt of slyt: de kommunikaasje tusken de ôfdielingen ferrûn op syn sêftst sein net soepel.
"De jeugdzorg mocht zich niet meer met mij bemoeien en de volwassenenpsychiatrie wist niet hoe ze met me om moesten gaan. Ik viel tussen wal en schip."
Het lijkt alsof de hele wereld vergaat en iedereen maar doorloopt en ik de enige ben die het ziet.
De dossiers waarden oerlange, mar der hat nea in petear west tusken de jeugd- en de folwoeksene-ôfdieling. Stolk kaam net folle fierder. It wrakseljen bleau. Se besocht harsels meardere kearen tekoart te dwaan.
"Dan heb ik kortsluiting in mijn hoofd. Ik denk dan dat niemand me zal missen en iedereen speelt dat ze me leuk vinden. Het lijkt alsof de hele wereld vergaat en iedereen maar doorloopt en ik de enige ben die het ziet. Dan is het error."
Har âlden fiele harren machteleas. Se witte sûnt koart pas oer de slimste trauma's fan Hanna. "Ze moet zich zo eenzaam gevoeld hebben", seit mem Caroline Stolk.

En no wennet Hanna al in heal jier op in sletten ôfdieling fan de GGZ op It Hearrenfean. Dêr heart se hielendal net te wenjen, mar der is gjin plak foar de jonge frou dy't krekt 21 jier wurden is.
Wachtlist fan in jier
"Ik heb 24 uur begeleiding nodig voor als het misgaat, maar die plekken zijn er bijna niet. Er is een wachtlijst van een jaar. Als je een complexe diagnose hebt, is er geen plek voor je."
Dat jildt ek foar guon terapyen. "Als je autisme hebt, kun je niet naar de traumatherapie en als je trauma's hebt, niet naar de therapie voor autisme."
Mooglik sil Hanna wer by har âlden wenje, want it plak yn de GGZ kin foar har net folle langer.
Ik heb heel veel strijd in het dagelijkse leven en heb veel dingen moeten opgeven.
Hanna is net stabyl yn har gefoel. Se hat gau te folle prikkels en doart bygelyks faak net in supermerk yn of earne oars nei ta. Se kin in goede dei hawwe en de dei dêrop wer folslein yn nachtmerjes sitte, tige bange mominten dy't op himsels al traumatysk binne.
It beheint har yn har libben. Har sosjale libben is dêrtroch dreech. "Ik heb heel veel strijd in het dagelijkse leven en heb veel dingen moeten opgeven. Veel therapie, veel afspraken moet ik afzeggen omdat ik het niet aankan. Ik raak zomaar overprikkeld en durf veel dingen daarom niet."
Helphûn
Dêrom wol Hanna hiel graach in helphûn hawwe. Dy binne spesjaal oplaat om minsken mei PTSS te helpen. Se tinkt dat se dan wer mear kin yn har libben. De stichting dêr't se de hûn fan krijt, hat har al hielendal trochljochte. Se wolle in hûn foar har opliede.
"Met een hulphond zou ik weer meer vrijheid hebben en meer alleen naar de supermarkt kunnen, of met het openbaar vervoer. Hij kan me uit herbelevingen halen en me wakker maken bij nachtmerries waardoor mijn nachtmerries beter worden. Het is een maatje."
Mar der moat earst genôch jild komme om de hûn betelje te kinnen. It kostest hast 19.000 euro. Der is in crowdfundaksje opset om dat byelkoar te krijen.
Mear iepenheid
Hanna fertelt har ferhaal omdat se graach wol dat der mear iepenheid komt oer hoe't it is foar minsken mei komplekse of ferskate psychiatryske problemen. Se is sels ek wat iepener. Sa skriuwt se oer har problemen op in webside.
Se docht dat net allinnich foar harsels. "Heel veel anderen hebben zo'n zelfde verhaal, maar niet de stem om dit te laten horen."
Op de fraach wêr't se oer fiif jier stiet, seit se: "Ik hoop dat ik dan een huisje heb, een hulphond en misschien wel een vriend."
Har heit en mem hoopje dat Hanna ek in doel yn har libben krijt. "Ik zie hoe goed het haar doet om met deze actie bezig te zijn. Dat geeft perspectief en een doel."
It ferhaal fan Hanna Stolk
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere op de radio. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.