Frou út Drachten ien fan de swierferwûnen by ûngelok Uithuizen yn Grinslân

In 32-jierrige frou út Drachten is sneontemiddei swierferwûne rekke by in ûngelok by Uithuizen yn Grinslân. Ek meardere bern en in frou fan 35 út de Grinslânske gemeente Het Hogeland binne swierferwûne rekke by it ûngelok.
De auto fan de froulju botste troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in beam. De wein waard bestjoerd troch de frou út Drachten.
De plysje, meardere ambulânses en in mobyl medysk team kamen yn aksje om de ferwûnen te helpen, en oer te bringen nei ferskate sikehuzen.