Daniël van Kaam fynt dat SC Cambuur trije punten pakke moat tsjin Excelsior

Daniël van Kaam yn aksje yn de wedstriid tsjin PSV © Orange Pictures
Middenfjilder Daniël van Kaam docht it de lêste tiid goed by SC Cambuur. Ek as team dogge de Ljouwerters it hieltyd better en dus ferwachtet Van Kaam trije punten tsjin Excelsior.
It seizoen is yn in krúsjale faze kaam. Foar Cambuur is de situaasje prekêr. De Ljouwerters binne de hikkesluter fan de earedivyzje, mar it spul wurdt wol hieltyd better.
"De afgelopen wedstrijden, waaronder tegen AZ en PSV, hebben we laten zien dat er een stijgende lijn te zien is in onze manier van voetballen. We konden ons wel meten met deze tegenstanders, ook al was dat tegen PSV niet te zien aan de uitslag. Dan zou het makkelijker moeten zijn tegen de kleinere ploegen", seit van Kaam.

"Het is nu of nooit"

Snein spilet Cambuur út tsjin konkurrint Excelsior. Neffens Van Kaam wurdt it in kwestje fan 'do or die'. "Ik wil niet zeggen dat we geen kans meer maken als we verliezen, maar we weten dat deze wedstrijd heel belangrijk is. Het is nu of nooit."
Daniel van Kaam wol trije punten pakke tsjin Excelsior
Ofrûne freed krige Van Kaam te hearren dat er wer ris by de seleksje fan Jong Oranje sit. Hy is dêr wiis mei, mar wie der net sa mei dwaande. "Ik wist dat ik vandaag die melding kon krijgen, maar ik ben al de hele week gefocust op de wedstrijd tegen Excelsior."

Ploechgenoaten flugger as de mail

De útnûging is foar him dan ek net hiel bysûnder. "De eerste keer was het wel spannend om daarheen te gaan, maar inmiddels niet meer. Ik ben er nu al een paar keer geweest, dus ik ken de groep wel goed. Het voelt voor mij wel normaal, maar ik snap dat dit voor de buitenwacht misschien niet zo is."
De lêste kear dat Van Kaam by Jong Oranje siet, wie yn novimber 2022. De fuotballer krige it goede nijs oer de mail. Dat is lykwols net altyd sa. "Een paar keer was het zo dat mijn ploeggenoten zeiden dat ik geselecteerd was, voordat ik het zelf had gezien."
De wedstriid tusken Excelsior en SC Cambuur begjint sneintemiddei om 14:30 oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân yn it radioprogramma Snein yn Fryslân. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar út it Van Donge & De Roo Stadion wei.
Earder op de middei docht sportferslachjouwer Roelof de Vries yn Buro de Vries en Snein yn Fryslân ferslach fan it duel tusken FC Grins en sc Hearrenfean. Dy wedstriid begjint om 12:15 oere.