Fryske boskwachter moast tasjen hoe't fûgeleilân opoffere waard foar Europoort

Wabe Korfmaker © Kolleksje Ed Buijsman
Boskwachter Wabe Korfmaker, oarspronklik fan Koudum, koe de opoffering fan natuer oan de ekonomyske foarútgong net tsjinhâlde. As behearder fan fûgeleilân De Beer by Rotterdam moast er tasjen hoe't syn paradyske platbaarnd waard foar de oanlis fan Europoort.
Korfmaker syn opmerklike ferhaal is yn Fryslân relatyf ûnbekend. Dit jier is it tritich jier ferlyn dat er ferstoar. Syn dochter Anneke kin har har heit noch goed heuge. Hy waard berne yn 1904 en brocht syn jonge jierren yn Fryslân troch yn earmoed. Se wiene thús mei fjirtjin bern. Wabe gie al betiid fan skoalle ôf: oan it wurk.
Wabe Korfmaker op De Beer © Kolleksje Ed Buijsman
Hy ferhuze nei Hollân om te wurkjen, Nei de Twadde Wrâldoarloch wie Korfmaker ûnder oare boade op it ministearje fan Finânsjes yn Den Haag. Yn 1946 kaam er yn tsjinst fan de Stichting Natuurmonument De Beer. Hy waard opsichter en fûgelwachter yn it natuergebiet by Rotterdam. Hy wenne dêr mei de húshâlding en joech ek rûnliedings.
Wabe Korfmaker jout in ekskurzje op it fûgeleilân De Beer © Kolleksje Ed Buijsman
Nei in skieding fan syn earste frou mei wa't er ek bern hie, troude Wabe Korfmaker opnij. Yn 1955 krige er mei syn twadde frou in famke: Anneke. "Hij was een gedreven en bijzonder mens met liefde voor de natuur", fertelt Anneke of Ann, sa't se no hjit. Se wie in natuerfamke, altyd bûtendoar. Wenje yn it paradys.
Wabe Korfmaker mei dochter Anneke en syn twadde frou by harren hûs op De Beer © Kolleksje Ed Buijsman
Grut wie de skok doe't der in ein kaam oan de idylle. Hiele stikken begroeiïng waarden ferbaarnd mei autobannen en ôfwurke oalje. Masines begûnen de dunen te sljochtsjen. Grutte, swarte reekwolken kamen omheech fan it natuereilân.
Alles werd platgebrand. We zagen de vogels en de konijntjes uit het brandende gedeelte komen.
Dochter Ann Korfmakker oer de ferneatiging fan it fûgeleilân
Ann hat de ferneatiging fan fûgeleilân De Beer bewust meimakke. "Het was vreselijk. Alles werd platgebrand. We zagen de vogels en de konijntjes uit het brandende gedeelte komen."
Foar har heit Wabe wie it traumatysk. Fan in fleurich man feroare er yn in frustrearre persoan. Mar hy hie ek in oare kant. Fjochtsjend as in piraat liet er hieltyd wer yn krante-artikels witte de minsk sa net mei de natuer omgean moast.
Bylden fan in fûgelkoloanje op De Beer yn 1947:
De destrukje kaam hieltyd tichterby. Op in stuit moasten se definityf fan it eilân ôf. Wabe krige it lytsere natuergebiet De Kleine Beer yn behear. Yn 1974 gie er mei pensjoen. Hy ferstoar yn 1993, yn de âldens fan 89 jier.
Op it plak it grutte eilân De Beer is no de BP-raffinaderij.
Op it plak fan fûgeleilân De Beer is no in oaljeraffinaderij © ANP
De famylje fan Wabe wie grut, mar dochter Ann hat gjin kontakt mear mei Koudum. By har witten wenje der gjin Korfmakers mear yn Koudum. Dat befêstiget de pleatslike histoaryske feriening.
It liket derop dat Wabe fergetten is yn syn berteplak. Hy is net de boeken yngien as 'in bekende âld-Koudumer'.
Der is lykwols noch wol in Fryske link. Wabe syn soan Piet Korfmaker út syn earste houlik hat yn Boalsert wenne. Hy ferstoar yn 2019.
Mûning fan de Maas mei eilantsje De Beer om 1910 hinne © Hoekwater
Yn krante-artikels wurdt Korfmaker faak opfierd as 'it gesicht fan De Beer', skriuwt natuerûndersiker Ed Buijsman, auteur fan it boek 'Een eersteklas landschap' oer natuermonumint De Beer.
Buijsman wie yn de ban rekke fan it eilantsje De Beer troch it Verkade-album 'Onze groote rivieren' út 1938. It dúnlânskip fan doe is in grut kontrast mei hoe't it der tsjintwurdich by leit.
'Wie De Beer zegt, zegt Korfmaker. De 'Friese Hagenaar' of de 'stoere Fries' waren slechts enkele van zijn bijnamen', skriuwt Buijsman.
De Beer yn earder tiden © Eigen foto
De ûndergong fan De Beer feroardiele Korfmaker mei klam. Dat fertelde dat ek yn de parse, Hieltyd wer opnij.
Grien is it bloed fan de ierde.
Wabe Korfmaker oer it belang fan de natuer
"Se sizze dat it dien is mei De Beer", sei er dan. "Mar de natuer lit net mei him spotte. Wolfeart is ûnmooglik sûnder natuer. We hawwe grien nedich, want grien is it bloed fan de ierde."
Korfmaker sjocht yn 1986 werom op hoe't it gien is mei De Beer:
It slimste wie dat er tasjen moast hoe't gebieten mei briedende fûgels sljochte waarden. It waard it yn de brân stutsen, mei de nêsten mei aaikes of jonge fûgels der noch yn.

Kotsmislik

Korfmaker wie in besiele minske mei leafde foar de natuer, neffens Buijsman. De boskwachter wie sterk religieus. Yn in EO-programma út 1986 sjocht er werom op de tiid doe't De Beer noch bestie.
Kotsmislik waard er by it sjen fan de âlde bylden, sa fertelde er. De minsken hawwe net begrepen wat de natuer sizze wol. De natuer seit oan de wrâld wa't De Skepper is. Yn alles dat libbet, is God fertsjintwurdige.
Bylden út de tiid dat De Beer noch bestie en opnames út 1986:
Wabe Korfmaker is der net mear, en syn striid wie ien fan grutte ûngelykheid. Mar der binne dingen oerbleaun.
De fjouwertûzen dia's dy't Wabe makke fan De Beer litte de skjintme sjen fan it ferdwûne natuergebiet. Oft it no simmer, hjerst, maitiid of winter wie, hy makke opnames yn alle seizoenen.
Fierders leit yn de mûning fan de Nieuwe Waterweg it Zeehonden Beereiland. Sinnebadende seehûnen tsjin it dekôr fan kontenerskippen.
En as lêste: De Kleine Beer, it iennige stikje natuer dat net opslokt is troch yndustrialisaasje. Wabe syn lêste wurkplak foardat er mei pensjoen gie.
Mei tank oan Ed Buijsman. As jo mear witte wolle, beharkje dan de trijedielige radiosearje 'De verdwenen Beer' fan BNNVARA út 2022 of sjoch op de wiidweidige webside oer De Beer.