Fuotgonger swierferwûne by oanriding mei auto yn Noardburgum

By Noardburgum is yn de nacht fan sneon op snein in fuotgonger swierferwûne rekke. De 20-jierrige man út Damwâld waard oanriden troch in auto.
It ûngelok barde om sawat kertier oer ienen. By de helpferliening waard ûnder oare ek in mobyl medysk team (MMT) oproppen foar ekstra soarch. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.
Fanwege in tintefeest yn Quatrebras wie der in soad ferkear op de wei, meldt de lokale stjoerder RTV NOF. Boppedat wurdt der wurke oan de rekonstruksje fan in krusing.