Keunstner Ernesto Lemke fan Himpens yn finale De Nieuwe Vermeer

Ernesto Lemke út Himpens stiet yn de finale fan it telefyzjeprogramma De Nieuwe Vermeer fan Omroep Max. Allinnich brûkt er gjin ferve, mar LEGO om syn keunstwurken te meitsjen. Dit is it tredde programma op lanlike tv wêryn't de keunstner as kandidaat te sjen is.
Foar it programma binne twa masterskilders frege, mar ek keunstners dy't mei oare materialen wurkje, lykas Lemke. Der is in grut ferskil tusken de klassike styl fan Johannes Vermeer, meast bekend fan skilderij 'Het melkmeisje' yn it Rijksmuseum yn Amsterdam, en de keunst dy't Lemke makket. Dat wurdt 'brickpainting' neamd.
Dochs sjocht Lemke dêr krekt in útdaging yn: "Het hele scala van kleur van LEGO is de laatste tijd enorm uitgebreid. Maar dan nog, het vertalen kan daar nooit precies mee. Dat is juist de uitdaging."
"Direct na LEGO Masters heb ik veel kopieën van bekende schilders gemaakt. Omdat ik een achtergrond heb als kunstschilder weet ik welke keuzes ik dan moet maken."

Earder die Lemke mei oan it programma LEGO Masters en Sterren ophet doek. Foar De Nieuwe Vermeer hat er fjouwer moanne wurke oan syn keunstwurk, hielendal makke fan de bekende stientsjes.
Lemke kin libje fan syn keunst. "Ja, ik heb het er behoorlijk druk mee. Vanmiddag heb ik nog een uitnodiging van een evenement en daarnaast doe ik particuliere opdrachten. Dat is ontzettend veelzijdig. Mijn werk gaat bijvoorbeeld ook naar Zuid-Afrika, maar dat is kunstschilderwerk. Dat doe ik ernaast."
Snein is de finale fan it programma. Dêryn krijt Lemke de opdracht om in selsportret te meitsjen fan de skilder Johannes Vermeer.