Dassen krije nij hûs: hiele dei gjin treinen tusken Snits en Starum

In graafmasine © ANP
Spoarbehearder ProRail bout in nij hûs foar de dassen dy't by Molkwar ûnder it spoar sitte. Dêrom ride der de hiele dei gjin treinen tusken Snits en Starum.
Tusken Starum en Warkum wie it treinferkear al earder stillein. Dêr kinne de treinen pas wer ride, as de dassen ûnder it spoar fuort binne.
Trochdat der by Molkwar in dasseboarch mei tsientallen hoalen ûnder de spoardyk sit, soe troch de druk fan passearjende treinen it spoar samar ynienen ynstoarte kinne.
Dassen krije nij hûs: Hiele dei gjin treinen tusken Snits en Starum
Snein deponearret in kraan sân en grûn njonken it spoar. Moandei en tiisdei wurde de tunnels oanlein. ProRail ferwachtet oer twa wiken it spoar fersterkje te kinnen sadat de treinen dan wer ride kinne. Dan moat de das al fuort wêze. De ferwachting is dat dat wol slagget.
Der is tastimming om de das te fersteuren. Ekologen tinke dat it dan slagje moat dat de famylje ferhuzet nei de nije boarch.
De keunstboarch wurdt makke yn in grutte bulte sân. Dat is neffens ProRail hiel geskikt want dassen grave har hûs graach yn sângrûn. De spoardyk by Molkwar is ek fan sân.
Dizze das skrikt fan in trein:
Snein ride der graafmasines op it spoar. Om dat feilich te hâlden, kinne der tusken Snits en Starum gjin treinen ride.
"Dat komt omdat vanaf Sneek tot aan Stavoren de beveiliging van het spoor in één systeem doorloopt", seit ProRail. "Dat systeem moet uit, om bij Molkwerum veilig te kunnen werken.
It stasjon fan Molkwar © CAMJO Media
De graafmasines geane hiel hoeden te wurk, meldt ProRail. Dêr binne twa redenen foar. "Zodat we de dassen niet storen, en om verzakkingen te voorkomen."
In gat yn de grûn by Molkwar: Sa sjocht in hol fan in das der út © CAMJO Media
Pas as de bisten echt fuort binne, kin der oan it spoar wurke wurde, seit ProRail. Dy organisaasje hat dêr wol in fergunning foar nedich. Dy is oanfrege by de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland (RVO). It is noch net bekend wannear't de fergunning ôfjûn wurdt.
De dassen moatte fuort, mar dat is hielendal net sa maklik
Ferfierder Arriva set snein bussen yn tusken Snits en Starum. Reizgers moatte rekken hâlde mei in langere reistiid, de fertraging kin oprinne oant in healoere.
Fan moandei ôf rydt de trein wer troch oant en mei Warkum.