Sjoch hjir nei it Kletterdei Konsert: in oade oan ús alvestêdefonteinen

Yn oanrin nei de dei dat de 11Fountains wer streame sille yn Fryslân, wurdt it Kletterdei Konsert organisearre.
NASKA Brass United ûnder lieding fan Jan Vermaning en ynternasjonaal konsertoargelist Eeuwe Zijlstra fersoargje it Kletterdei Konsert yn de Martinitsjerke yn Boalsert, mei wurken fan ûnder oare Händel, Britten en Smetana, mar ek mei nij wurk spesjaal komponearre foar it Kletterdei Konsert.
It konsert is in oade oan de alvestêdefonteinen, dy't no fiif jier yn Fryslân steane.