Nyck de Vries oer kwalifikaasje Jeddah: "Er had meer in gezeten"

Nyck de Vries yn aksje © Red Bull Content Pool
Nyck de Vries start de race yn Saûdy-Arabië as achttjinde. Der hie mooglik mear yn sitten. De 28-jierrige wie dwaande oan in fluch rûntsje, mar makke in flater yn de lêste sektor. "Ik heb het in de laatste bocht verpest."
Jeddah is it langste, sterkste en miskien ek wol it gefaarlikste strjittesirkwy op de kalinder. Je wolle as koereur safolle mooflik kilometers meitsje, want dit is gjin sirkwy wêrby't je fluch op je limyt ride kinne. Moatst it gefoel opbouwe.

Motorprobleem

Dy kâns krige De Vries net op de tredde frije training. Oan it begjin fan de sesje ûntduts AlphaTauri in probleem oan de motor, wêrop't it team besleat fan krêftboarne te wikseljen. De koereur út Twellingea moast de training dus besjen fan de sydline ôf.
Pech dat it krekt hjir bart. De Vries racede ommers noch noait op it Jeddah Corniche Circuit. Om't de konkurrinsje al mear baanûnderfining hat, steane je dus al gelyk op efterstân. Dat er in trainingsoere misse moat, is ekstra pynlik om't dizze baan mei gjin oare te fergelykjen is.
Nyck de Vries yn petear mei teambaas Franz Tost © Red Bull Content Pool
Mooglik spile dy miste tracktime him parten. De Vries hat nammentlik de twiveleftige eare om as earste in skower te meitsjen. By it yngean fan de earste bocht ferliest er de efterkant fan de auto dy't folslein liket te blokkearjen. Gelokkich hâldt de Twellingeaster syn AlphaTauri út 'e muorre, mar troch dit momintsje sjocht er syn earste besykjen foar in goede tiid mislearjen.

Nyck baalt

Yn syn lêste rûntsje is er ûnderweis nei in flugge tiid. Hy is yn de earste twa sektoaren sels rapper as syn teamgenoat, mar it giet mis yn it lêste part. Oer de boardradio ferklearret er balend: "Ik heb de laatste bocht verpest."
De Vries start de race moarn dus as achttjinde. Teamgenoat Yuki Tsunoda notearre de sechstjinde tiid. It ferskil tusken de twa is trije tsienden. It gat op syn teamgenoat is flink minder as yn Bachrein, dat is akseptabel.
Nyck de Vries kaam troch in motorwiksel net yn aksje by de tredde frije training © Red Bull Content Pool
Mar der hie meear yn sitten, sa meldt De Vries dus ek nei ôfrin fan de race tsjin Viaplay. "Ik nam al snel de verantwoording op me voor die laatste ronde, maar achteraf bleek dat de batterij niet goed opgeladen was. Ik wil dat niet als excuus gebruiken, maar ik had het idee dat we de potentie hadden om door te gaan naar het tweede deel van de kwalificatie."

Sonde

Sloardich is it wurd dat de koereur brûkt om syn kwalifikaasje te omskriuwen. "Ik miste natuurlijk de derde vrije training en dan is je voorbereiding toch anders. En dan spin je in je eerste run en dan is je ritme ook uit je kwalificatie. Zonde, want er had meer in gezeten."
Ik heb geen idee wat ik van de race kan verwachten. We hebben wonderen nodig.
Nyck de Vries
De ferskillen mei de konkurrinsje is lyts. "Het veld zit extreem dichtbij elkaar. Ik ben dus positief teleurgesteld dat we niet verder naar voren staan, want ik had het gevoel dat er meer in zat." Oer it raceferrin docht hy gjin foarsizzing. "Ik heb geen idee wat kan ik verwachten. We hebben wonderen nodig", seit hy mei mei it each op it beheljen fan de top tsien.

Pech foar Verstappen

Lângenoat Max Verstappen hat ek gjin probleemleaze kwalifikaasje. Troch problemen mei de oandriuwas moat er syn kwalifikaasje stake en moat er de race as fyftjinde starte. Likegoed AlphaTauri as Red Bull ride mei Honda-motoaren.

Teambaas Franz Tost absolút net bliid

De Eastenrykse teambaas fan Nyck de Vries wie by in parsekonferinsje dúdlik en sei deakalm dat er net te sprekken is oer de hjoeddeiske auto. "Spitigernôch is dit it prestaasjenivo fan de auto. Ik hie in bettere auto ferwachte. Hjir sjocht it der wat better út as yn Bachrein, mar der moat wol wat barre om de auto flugger te meitsjen."
Tost helle boppedat bikkelhurd út nei de engineers fan it team. "De engineers fertelden my yn de wintermoannen hieltyd dat de auto fantastysk is en dat we foarútgong boekten, mar it fertrou se net mear. Ik wol it gewoan oan de rondetiden sjen kinne, want dat is it iennige dat telt."
Krityk op syn koereurs hat er net. "Nyck leart noch hieltyd. As we him in flugge auto biede, dan stiet hy der echt wol, Ast in jonge koereur bist, in nijkommer yn de Formule 1, dan is it noch dreger as de auto foar problemen soarget. Mei in kompetitive auto is it makliker om goede prestaasjes sjen te litten. En ik bin derfan oertsjûge dat Nyck syn prestaasjes ferbetterje sille en dat hy ús goede races sjen litte sil."