Auto yn de feart by Hearrenfean, ien persoan oanholden

It ûngelok by It Hearrenfean © ProNews
By in ûngelok op It Hearrenfean is in auto op de sydkant yn it wetter telâne kaam. In oare auto rekke skansearre.
It is net dúdlik hoe't de ynsitters fan de auto it derfan ôfbrocht ha. Der wiene meardere ambulânses op it plak fan it ûngelok. Yn totaal sieten der trije minsken yn de beide auto's.
Ien fan de trije minsken dy't belutsen wiene by it ûngelok, is oanholden. Dat sei in plysjeman op it plak fan it ûngelok. It is net dúdlik wêrom't dizze persoan oanholden is.
It ûngelok by It Hearrenfean © ProNews
It ûngelok wie jûns om seis oere hinne. De dyk hat in skoftke ticht west.
It is net dúdlik hoe't de beide auto's tsjin mekoar oan komme koene. Spesjalisten fan de plysje dogge dêr ûndersyk nei.

Auto te wetter by De Jouwer

In eintsje fierderop rekke deselde jûn noch in auto fan de dyk. Dat wie by De Jouwer, op de A7. By de ôfrit fan Snits nei It Hearrenfean bedarre dy auto yn it wetter.
It ûngelok by De Jouwer © ProNews
De A7 hoegde net ôfsletten te wurden, it ferkear koe oer de flechtstrook.