Auke van der Goot (FNP) nei alle gedachten tredde Fries yn nije Earste Keamer

Auke van der Goot © FNP
Auke van der Goot fan de FNP is keazen as kandidaat nûmer 1 foar in sit yn de Earste Keamer. De lederied fan OPNL (Onafhankelijke Politiek Nederland) , de koepel fan lokale partijen, jout Van der Goot de foarkar boppe seis oare kandidaten.
Oft Van der Goot ek echt yn de Earste Keamer komt, hinget fan de Steateleden yn alle provinsjes ôf. Sy kieze yn maaie de leden fan Earste Keamer.
De FNP en oare regionale en lokale partijen yn it lân hellen woansdei by de Provinsjale Steateferkiezingen rom foldwaande stimmen foar in mienskiplike sit yn de Earste Keamer.

Fryslân, Den Haag en Brussel

Van der Goot wurke as amtner yn Fryslân, Den Haag en Brussel. Hy wie beliedsadviseur by it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. Hy wurke dêr ûnder oare oan de rol fan gemeenten, provinsjes en wetterskippen yn Europa, oan de posysje fan grinsregio's en oan gearwurking fan dy regio's mei Dútslân en België.
Mei Van der Goot komme der nei alle gedachten trije Friezen yn de Senaat. Hetty Janssen (nûmer 3 by de PvdA) en Tineke Huizinga (nûmer 1 ChristenUnie) sille der gewoanwei ek yn komme.