Fjouwer Friezen mei fjoerwapen oanholden nei achterfolging yn Grins

Plysjes by in eardere aksje yn Grins © ANP
De plysje hat fjouwer Friezen oanholden nei in achterfolging yn Grins. Se binne klemriden neidat in plysje-auto tsjin se oan botst wie.
De mannen hiene in fjoerwapen by har. Dat waard fûn doe't plysjes de auto trochsochten.
De plysje meldt dat de auto yn de buert fan Assen opfoel troch asosjaal rydgedrach. Ter hichte fan Grins joech de plysje in stopteken, mar de mannen naaiden út.

Zeer aggressief

Dêrby toande de auto "zeer agressief rijgedrag, wat tot gevaarlijke situaties leidde", seit in plysjewurdfierder.
Plysjeminsken dy't achter de mannen oan riden ha besletten tsjin de auto oan te botsen. Dêrtroch koene oare plysjes de mannen klemride. Dat meldt RTV Noord. It ynsidint wie freedtemiddei.
De fertochten binne yn de sel bedarre en wurde no heard troch de plysje. It giet om in 18-jierrige man uit Stiens, in man fan 19 út Drachten, in 20-jierrige man uit Hurdegaryp en in man fan 23 út Ljouwert.