Liveblog | 19 maart

Nyck de Vries klimt wer nei plak 14 yn Formule 1 | Lykspul foar Flyers nei twa finales

  • Nyck de Vries is as fjirtjinde oer de finish kaam yn de GP fan Saûdy-Arabië, hy starte op plak 18;
  • Cambuur komt hieltyd djipper yn de problemen nei 4-1 ferlies fan degradaasjekonkurrint Excelsior;
  • De wedstriid fan sc Hearrenfean tsjin FC Grins (2-0) hat in kertier stillein neidat in spiler fan Grins troch in supporter oanfallen waard;
  • De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha de twadde finalewedstriid yn de BeNe League ferlern fan Luik, de stân is no 1-1 yn in best-of-five searje.
Lêst bywurke: 19 maart, 23:27 oere
snein 19 maart
23:07

Flyers hoopfol nei ferlies yn eigen hûs

Trainer Mike Nason is hoopfol foar de kommende wedstriden, ek al hat er hjoed ferlern. "De wedstriid fan hjoed moatte we sa gau mooglik ferjitte", seit er. "We moatte foarútsjen."
Keeper Martjin Oosterwijk fan de Flyers krige in tiidstraf. Dêr snapt er net in protte fan, seit er. It ferlies is soer, seit er. It plan wie dúdlik: winne.
21:21

UNIS Flyers yn eigen hûs ûnderút tsjin Luik

De UNIS Flyers ha yn eigen hûs mei 3-1 ferlern fan de iishockeyers út Luik. It iennige Fryske doelpunt waard yn de twadde perioade makke troch Roope Nikkila.
© Orange Pictures
Trochdat de Flyers in dei earder yn Luik wol wûn ha, is de stân yn de finale fan de BeNe League no lyk: 1-1. De finale wurdt spile neffens in best-of-five-systeem: wa't as earste trije wedstriden wint, is kampioen.
De tredde wedstriid is tiisdei yn Luik, freed is de fjirde wedstriid yn Thialf en sneon is in eventuele fiifde wedstriid yn Luik.
De BeNe League is de iennige priis dy't de Flyers dit jier noch pakke kinne, no't de iishockeyers út Hearrenfean de finales om de beker en de Nederlânske titel ferlearen fan HIJS Hokij.
Yn de kwartfinale fersloegen se Chiefs Leuven en yn de heale finale HIJS Hokij. No is, lykas ferline jier, de Bulldogs Luik de tsjinstanner.
20:40

Flyers nei twa perioaden wer op likense hichte

De UNIS Flyers binne op likense hichte kaam yn de twadde finalewedstriid fan it iishockey. It Fryske doelpunt kaam op namme fan Roope Nikkila.
Nei twa perioaden is de stân no 1-1.
20:36

"Ik hoop geen abonnement op de 14e plek te hebben"

"Ik hoop geen abonnement op de 14e plek te hebben", seit Nyck de Vries nei ôfrin fan de wedstriid.
© Red Bull Content Pool
Allinnich de earste tsien plakken smite nammentlik punten op. As posityf punt beneamt er dat er wer in race útriden hat en in soad leard hat. "Maar ik moet wel iets meer kunnen aanvallen. Ik heb in ieder geval het gevoel dat ik kleine stapjes heb gemaakt. Het ging al beter dan in Bahrein."
19:33

UNIS Flyers sjogge tsjin efterstân oan nei earste perioade

Yn Thialf op It Hearrenfean is de twadde wedstriid yn de finale om de titel yn de BeNe League iishockey úteinset. De UNIS Flyers spylje tsjin Bulldogs Luik.
In spiler fan de UNIS Flyers © ANP
Juster wie de earste wedstriid yn Luik in proai foar de Flyers (0-2), mar no is de situaasje oars. Nei de earste perioade stiet Luik mei 0-1 foar troch in doelpunt fan Levi Smeets.
De finale giet neffens it best-of-fivesysteem. Dat betsjut dat de ploech dy't it earste trije wedstriden wûn hat, de titel pakt.
19:15

De Vries finisht op plak 14 yn Formule 1

Foar de twadde kear dit seizoen is Nyck de Vries as fjirtjinde oer de finish kaam yn in wedstriid yn de Formule 1. By de earste wedstriid finishte de Fries ek as fjirtjinde. De wedstriid fan hjoed wie de twadde fan it seizoen.
Nyck de Vries © Red Bull Content Pool
De race waard wûn troch Segio Perez, dy't ek op pole position fan start gien wie. Max Verstappen finishte op it twadde plak. Troch in probleem yn de kwalifikaasje wie Verstappen op plak 15 fan start gien, trije plakken foar Nyck de Vries.
19:02

Noppert al fluch útskeakele op Players Championship

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is op it sânde Players Championship yn de twadde omloop útskeakele. Noppert ferlear yn it Dútske Hildesheim mei 6-3 fan Gary Anderson út Skotlân.
Yn de earste ronde hie Noppert wol wûn. Dêryn wie hy mei 6-5 te sterk foar Kevin Burness út Noard-Ierlân.
sneon 18 maart