HEA! In nije gaslieding foar wetterstof

HEA! Goeie gasmannen
Melle van der Goot en Geart Postma binne op ynspeksje yn Bitgummole. Under de Menamerdyk troch moat in nije gaslieding komme. Dat is noch wol needsaaklik, ek al is it de bedoeling dat we sa stadichoan fan dy fossile brânstof ôf gean.
De manlju fan it gasbedriuw tinke lykwols dat it sa'n gong net rinne sil en dat dat noch wol tritich jier duorret. Mar likegoed is de nije lieding takomstbestindich. De buis is nammentlik ek geskikt foar it transport fan wetterstof, it mooglike alternatyf foar gas skielk.