Wâldman fynt earste ljipaai yn Klaaigemeente Waadhoeke

Remco Hamstra fynt earste ljipaai Waadhoeke © BFVW
Remco Hamstra hat sneontemoarn betiid it earste ljipaai fan de gemeente Waadhoeke fûn. Hamstra komt fan De Rottefalle, mar wie yn de Klaaigemeente oan it aaisykjen.
Hy wie sneontemoarn al betiid op paad gien. It wie mistich yn it fjild. Om healwei achten melde er syn fynst by it BFVW. Hy wie ôfgien op it lûd fan ljippen. Op in stuit seach er in ljip op in seefûgel 'slaan'. As betûft aaisiker wist er dat it no wol ris safier wêze koe. En doe seach er it aai lizzen tusken de maisstoppels. Hamstra hat wol faker it earste ljipaai fûn.
Mei dizze fynst mei der allinnich noch mar yn de gemeente Harns socht wurde om it earste ljipaai.