BBB wol soarchfâldige koälysjefoarming: "Yn it foar piketpeallen slaan, dogge wy net oan"

De Fryske fraksjefoarsitter fan de BoerBurgerBeweging, Abel Kooistra, wol it koälysjefoarmingsproses soarchfâldich foarmjaan. "Yn it foar de piketpeallen slaan, dogge wy net oan."
As grutte winner fan de Provinsjale Steateferkiezingen mei de BBB it inisjatyf nimme by de petearen foar it foarmjen fan in nije koälysje. Wat dat oanbelanget, is de earste stap yntusken set. De partij hat Chris Stoffer, Twadde Keamerlid fan de SGP, foardroegen as ferkenner.
"We ha hjoed in brief nei de oare partijen stjoerd", fertelt Kooistra. "Dêryn sizze we dat we him foarsteld ha. We hoopje dat ús foarstel breed droegen wurdt."
Stoffer is gjin Fries, mar ken de klappen fan 'e swipe fan it plattelân wol, neffens Kooistra. "En hy is ien dy't boppe de partijen stiet, ien dy't ûnôfhinklik is."
Abel Kooistra oer de ferkenner
Mei Stoffer oan it roer, moat der sjoen wurde hokker partijen in koälysje foarmje kinne. Dat sil noch net tafalle yn it fersnippere politike lânskip dat nei de ferkiezings ûntstien is.
Partijen meie harren 'sechje' dwaan
De kâns is grut dat de BBB ek partijen nedich hat dy't ynhâldlik fier fan de stânpunten fan de partij ôfsteane om ta in mearderheid te kommen. Partijen útslute docht Kooistra dan ek net. "Wy wolle graach mei alle partijen it proses iepen en transparant trochrinne."
"Minsken hawwe stimd op in partij dêr't sy harren it bêste by fiele", giet Kooistra fierder. "Dêr moatte je nei harkje. Yn it foar de piketpeallen slaan, dogge wy net oan."
De partijen krije dêrom allegear de kâns om harren 'sechje' te dwaan. "En dan is it oan de ferkenner."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Abel Kooistra.
"Wy hawwe in ferkiezingsprogramma skreaun en no wolle wy sjen hoe't de oare partijen yn de wedstriid stean", leit Kooistra út. "Dêrom wolle wy graach de ferkenningsfaze opstarte om te sjen oft we it wat tichter byelkoar krije kinne. Wy beskôgje it proses as in trachter en wy sjogge wol wat der út dy trachter komt."
Dat proses wurdt takom moandei al opstart. Ferkenner Stoffer sil dan foar it earst nei Ljouwert ôfreizgje om it proses mei Abel Kooistra te bepraten. Nei alle gedachten sil er dêrnei de oare partijen ek benaderje.
BBB-listlûker Kooistra wol gjin partijen útslute
Kooistra wol de ferkenner gjin uterste datum oplizze wannear't er syn wurk klear hawwe moat. "Gong is faak it tsjinoerstelde fan soarchfâldigens. En soarchfâldigens stiet by ús wol foarop."
"Breder sjen as stikstof"
De BBB profilearret him hiel bot op it mêd fan stikstof. Dochs is dat tema net it iennige dat de BBB oanpakke wol. "Wy wolle folle breder sjen. We binne net foar neat sa grut wurden. Benammen op it mêd fan leefberens wolle we sjen hoe't we dat oanpakke kinne."
It kin sa wêze dat der wol in koälysje komt, mar dat we frij binne yn bepaalde saken.
In oar punt dat de Fryske polityk ferdielt, is de Lelyline. "Wy binne dêr skeptysk oer. Oare partijen wolle it wol. Wy moatte gewoan sjen wat it bêste is foar Fryslân. It kin sa wêze dat der wol in koälysje komt, mar dat we frij binne op bepaalde saken. Miskien moatte we ta nei in koälysje-akkoart op haadlinen."
"Gjin twongen útkeap"
Kooistra is net sa útsprutsen oer de ferskillende politike tema's. Op ien flak leit dat oars. "It twongen útkeapjen fan boeren sille we net oan meiwurkje. Stikstof moatte we folle breder sjen, mear nei de folsleine steat fan de natuer. We sjogge dat de panielen op it ministearje fan Lânbou al oan it skowen binne."
Dêrmei doelt Kooistra op berjochtjouwing fan de NOS dat it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit oerwaagje soe om 2030 los te litten as jier wêryn't de stikstofútstjit mei de helte fermindere wêze moat.
It twongen útkeapjen fan boeren, sil de BBB net oan meiwurkje
Nei de ferkiezingswinst kaam der in protte op Kooistra ôf. Hy waard fan alle kanten felisitearre. "Dat wie net te leauwen. Ik ha it as yn roes belibbe. Hjoed bin ik pas wer mei beide fuotten op ierde kaam."

Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.