Hoefolle talen wurde yn Ljouwert sprutsen? Mercator wol nij ûndersyk dwaan

De Fryske Akademy yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Europeeske stêden wurde hieltyd mear 'hotspots' fan taalferskaat, oftewol plakken dêr't tsientallen ferskillende talen praat wurde. Yn Ljouwert praten taalsosjologen út hiel Europa dêrom dizze wike oer it tema 'Minderheidstalen yn 'e stêd'.
Dat bart op útnûging fan it Europeesk kennissintrum Mercator fan de Fryske Akademy. It giet likegoed om talen fan migranten as om Europeeske minderheidstalen. Neffens taalsosjologen is der folle mear ûndersyk nedich nei it taalferskaat yn de stêd, want op in soad plakken hawwe stedsbestjoerders en ûnderwiisminsken der gjin idee fan hoefolle talen oft krekt yn harren stêd praat wurde.

Tachtich ferskate memmetalen

Maria Mazzoli fan de Ryksuniversiteit Grins brocht mei in spesjaal publyksprojekt 'Bremen spricht' it taalferskaat yn de Noard-Dútske havenstêd yn kaart. "Wy hawwe fêststeld dat learlingen fan basisskoallen mar leafst tachtich ferskate memmetalen prate."
Taalles yn in tsjerkegebou © Omrop Fryslân
Yn Bremen sit dat taalferskaat ek by in soad ynwenners tusken de earen tanksij in grutte útstalling oer 'Vielfalt' (diversiteit, red.) yn it populêre Focke Museum. Neffens Mazzoli is de kennis ek fan belang foar it ûnderwiis. Dat docht der neffens har goed oan om hjir rekken mei te hâlden by it ûnderwiisoanbod oan de bern.
Troch it sammeljen fan data wie Mazzoli ek by steat om yn kaart te bringen yn hokker wiken fan de stêd Bremen oft de measte Poalsktaligen en Turksktaligen wenje. Ek dy ynformaasje is handich foar bygelyks helpferlieners en ûnderwiismeiwurkers.
It is ek wichtich om dy ynformaasje by de tiid te hâlden. It Arabysk wie bygelyks yn Bremen foar it ûndersyk fan Mazzoli net yn byld as wichtige thústaal, mar troch de ynstream fan flechtlingen út Syrië heart it Arabysk no wol by de gruttere thústalen yn de stêd.
Taalles op de basisskoalle © ANP
Mazzoli is ferbûn oan de stúdzje Minorities & Multilingualism fan de Ryksuniversiteit Grins. Sy hat Bremen no goed yn byld, mar hat der gjin idee fan oft soks yn stêden as Grins of Ljouwert ek sa is, wylst dat net hiel yngewikkeld hoecht te wêzen.
"As skoallen yn byld hawwe hokker taal oft de learlingen thús prate, dan hawwe je in goed útgongspunt", seit Mazzoli. It is dêrby wol saak dy fraach sa soarchfâldich mooglik te stellen, heakket se deroan ta.

Mear as ien thústaal

By learlingen fan Turkske ôfkomst wurdt der wolris fan útgien dat Turksk de thústaal is, wylst dat yn de praktyk ek wolris Koerdysk wêze kin. Dy taal is wer hiel oars. "By minsken út lannen mei mear as ien taal, wol dat noch wolris misgean", seit Mazzoli.
Neffens har jildt foar in soad minsken dat se mear as ien thústaal hawwe, bygelyks omdat heit en mem net deselde taal prate. "It moat dêrom mooglik wêze om mear as ien thústaal te registrearjen, wolle we echt goed yn byld krije hoe't it sit."
Winkeljend publyk yn de binnenstêd fan Ljouwert © ANP
Cor van der Meer fan Mercator fynt dat it tiid wurdt om ek wer ris te sjen nei it taalferskaat fan de stêd Ljouwert. By in earder ûndersyk, begjin dizze iuw, waarden sechtich thústalen teld yn de Fryske haadstêd, mar dat soene no mear wêze kinne.
"It soe my neat fernuverje as we yn Ljouwert no ek rjochting de tachtich talen gean", seit Van der Meer. "Der binne in soad flechtlingen ûnderweis yn Europa, dus ik tink dat it oantal talen dat no yn dizze stêd praat wurdt allinnich mar omheechgien is. Wat my oanbelanget gean we hjir gau mei oan de slach."