Fjochterij yn Ljouwert, plysje hâldt twa minsken oan

Yn Ljouwert binne freedtejûn twa minsken oanhâlden foar it brûken fan geweld yn it iepenbier. Se makken diel út fan in gruttere groep dy't oan it fjochtsjen wie.
De plysje waard om sawat tsien oer tsienen oproppen fanwege fjochterij op it Johannes Kolfplein yn de Frijheidswyk. Dêr wiene sa'n fyftjin minsken by belutsen. Wat der krekt oan foarôf gie, is noch net bekend. De plysje docht dêr noch ûndersyk nei.